Grutte blydskip om de sjaloom
Resint ferskynd
Oertinking
Alles wat wy yn de fjouwer advintswiken oer Jezus en syn besieling (dat is IT EARSTE TESTAMINT) heard hawwe, mei hjoed belibbe wurde.
Albert Einstein sei oer Jezus:
“Ik bin Joad, mar de útstrieling fan de Man út Nazaret hat in oerweldigjende yndruk op my makke. Nimmen dy’t sa op God liket as Hy. Der is werklik mar ien plak yn ’e wrâld dêr’t wy gjin tsjuster sjogge en dat is de persoan fan Kristus Jezus. Yn Him hat God him it dúdlikst oan ús sjen litten.”
Yn Jezus ûnderfine wy de ûnbidige trou fan God, dy’t ús libben betsjutting jout. Sa’t God al sa faak twiichjes útrinne liet út in deade stobbe, sa is Kristus Jezus in nij bewiis dat God wolbehagen yn minsken hat. Foar God binne wy, hoe lyts en ûnbelangryk ek, de muoite wurdich.
Yn Jezus trunet God ús oan om frede om ús hinne, ja op ’e hiele ierde te stichtsjen. Mar ear’t wy oan ’e slach geane, meie wy hjoed bliid wêze, krystfeest fiere en foaral âlde en nije krystlieten sjonge.

boarne: Unsplash
It liet dat yn ’e krystnacht fan de himel nei de ierde kaam, freget om op ierde neisongen te wurden. Lukas hat it oer grutte blydskip dy’t it hiele folk te wachtsjen stiet: blydskip om de sjaloom. Jezus is ien en al ‘Eare oan God!’
En dêrom bringt Hy ‘Frede op ierde.’ Troch Him wurde wy herauten fan de frede. En dan kin fan ús sein wurde:
“Hoe wolkom is oer de bergen
de fuotstap fan de heraut dy’t sjaloom,
dy’t frede oankundiget” (Jesaja 52:7).
Lêze: Jesaja 52:7-10 en Lukas 2:11-14
ds. Doede Wiersma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje