Grinzer universiteit en provinsje Fryslân deilis oer stúdzje Frysk

desimber 9, 2021 11:01
De RUG yn Grins (foto: Wikipedia/Fruggo – CC BY 1.0)

De provinsje Fryslân meiprate oer de nije heechlearaar Frysk yn Grins? Gjin sprake fan, wat dekaan Thony Visser fan de Letterefakulteit oanbelanget. Neffens har hat allinnich de universiteit sels wat te sizzen oer it oannimmen fan personiel. Boppedat betellet de universiteit de learstoel sels.

De provinsje is it dêr net mei iens. Dy hat sels al nammen trochjûn fan saakkundigen dy’t meiprate moatte oer de takomst fan de frisistyk oan de Ryksuniversiteit Grins. De provinsje wiist derop dat er wetlik meiferantwurdlik is foar de stúdzje Frysk en dat er alle jierren 220 tûzen euro oan de universiteit betellet foar dy stúdzje. Wol de universiteit de provinsje bûten keare, sa hat de provinsje ein novimber al drige, dan giet dat jild nei in oare universiteit ta.

De ploech saakkundigen moat net allinne meiprate oer de opfolger fan Goffe Jensma, as dy oer in pear moanne mjirkes wurdt, mar ek oer it plak fan Frysk yn de fakulteit. Frysk is gjin selsstannige stúdzje mear, mar ûnderdiel fan de Ingelsktalige stúdzje Minderheden en meartaligens. Dat moat oars, is it betinken fan de provinsje. Der moat in folsleine stúdzje Frysk komme, sa’t dy der yn it ferline ek wie, mei in bachelorfaze en in masterfaze.

Te djoer, is de reaksje fan frou Visser yn it Grinzer universiteitsblêd Ukrant. De fakulteit wol gjin stúdzjes hawwe mei minder as tweintich studinten yn in jiergong. Foar Frysk binne dat op syn heechst fiif yn it jier.

It brief fan de provinsje oan de universiteit is hjir te lêzen.

De reaksje fan frou Visser yn de Ukrant is hjir te lêzen.

desimber 9, 2021 11:01
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Jaap Klimstra (Jabik Jans) desimber 9, 17:41

    Ik haw jierren in Grinslân wurke. De Stadjers hawwe in grouweligen hekel oan it Frysk en it Grunnings.

  2. mbc84 desimber 10, 18:10

    Saak is dus dat der mear needsaak makke wurde moat. En dat kin ek, at de provinsje wat mear ambysje hawwe soe. Mar dat binne in stel slûgen, dy rinne efter de feiten oan.
    Boppendat soe in stúdjze Frysk fansels ýn Fryslân oanbean wurde moatte. En soks kin ek. Ja, dat kostet jild. Mar sjoen neffens wat der oan guon oare saken útjûn wurdt, is dit mar in lyts bytsje.

  3. Sigrid Kingma jannewaris 20, 13:48

    As it my net mist, wie it ek Visser dy’t doe’t ik studearre it Frysk by Europese Talen en Culturen ûnderbringe woe om it dêrnei fuortbesunigje te kinnen. Wurdt it net tiid dat dy ek mei pinsjoen giet? Se is aktyf tsjin it Frysk, hiel dreech om winst te heljen foar de stúdzje as der sa’nien sit. Ik bin benijd wa’t Goffe Jensma ferfange sil.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.