Glyfosaat net tastien op provinsjale pachtgrûnen

desimber 2, 2021 09:05

Yn it ramt fan it nije provinsjale pachtbelied is ôf it brûken fan glyfosaat fan 2022 op alle provinsjale pachtgrûnen net tastien. Dêrnjonken meie pachters it gebrûk fan pestisiden fan 1 jannewaris ôf allinnich mei tastimming ynsette. It ferbod op pestisiden jildt net foar de  omtrint 40 bunder boupachtgrûn. Foar dat type grûngebrûk binne noch net genôch alternativen kwa gewaaksbeskerming. It provinsjale pachtbelied jildt allinnich foar de likernôch 2000 bunder provinsjale pachtgrûn en net foar de grûn dy’t boeren sels yn eigendom hawwe.

Foto: Provinsje Fryslân

Deputearre Hoogland: “Der jildt in útsûndering foar pachters dy’t oanslutend oan de pacht fan 2021 deselde provinsjale grûn opnij yn pacht krije. Dy hawwe gjin meldingsplicht en meie de ûnkrûden bestride sûnder skriftlike tastimming. Dat is omdat yn de measte gefallen dy ynset fan pachtgrûnen ûnderdiel útmakket fan rinnende gebietsprosessen en ôfspraken. Sadat der úteinlik in grûnruil komme kin.”

Inisjatyffoarstel en eartiids pachtbelied
It pachtbelied is yn line mei it inisjatyffoarstel fan Provinsjale Steaten fan oktober dit jier. It ferskil mei it foarige pachtbelied is dat gebrûk fan glyfosaat en pesticiden foar gerslân pleksgewiis earder wol tastien wie. Foar bougrûnen wie dat earder foar it hiele perseel tastien, eksklusyf de sleatskanten.

Tastimming
Fan tastimming foar it brûken fan pestisiden kin sprake wêze as it meganysk of hânmjittich fuortheljen fan probleemkrûden oantoanber net slagget. Foar it brûken fan pestisiden folget de provinsje de wetlike kaders út de EU en it ministearje fan LNV. Nettsjinsteande de besteande regeljouwing giet de provinsje yn petear mei de EU en it Ryk oer it stilsetten fan it brûken fan pestisiden.

Eftergrûn
De provinsje aktualisearret it pachtbelied geregeld. Oan de iene kant troch ferplichte wizigingen út de EU en it Ryk wei, oan de oare kant troch wizige provinsjaal belied. Sa hat de provinsje yn 2021 mear punten takend oan ûnder oare de biologyske lânbou en kavels tichterby de buorkerij. Mei as doel om it lânbouferkear ôfnimme te litten en dêrmei ek de stikstofútstjit.

desimber 2, 2021 09:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.