Gjin gêst yn oaljekoekemiks Koopmans

desimber 30, 2021 08:42

De kommende dagen besykje wer in protte Nederlanners sels oaljekoeken te bakken. Wa’t dêrby gebrûk makket fan de oaljekoekemiks fan it bedriuw Koopmans, kin dêrby ûnoangenaam ferrast wurde: troch in flater is yn in part fan de pakken gjin gêst tafoege.

Foto © Matthijs Verkuijl

“It is net skealik, mar jo kinne der gjin echte oaljekoeken mei bakke”, lit it bedriuw witte. “It beslach sil net rize en wy advisearje om it produkt net te brûken.”

Yn in krante-advertinsje fan Koopmans stiet dat de pakken ferkocht binne by “inkelde tsientallen regionale supermerken”. It is ûnbekend hoe’t de flater ûntstien is en hoe’t dy ûntdutsen waard. Koopmans is net berikber foar kommentaar.

De produsint seit dat oan goed 99 persint fan de oaljekoekemiks wol gêst tafoege is. De ferpakkingen sûnder gêst binne dy mei in hâldberheidsdatum fan 03-02-2022 en in produksjekoade L212447 mei in tiidsoantsjutting tusken 02.30 en 08.30 oere. Minsken dy’t sa’n pak kocht hawwe, kinne harren jild weromkrije.

desimber 30, 2021 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.