Gianni Versace yn Grinzer Museum yn 2022

desimber 5, 2021 08:54 Fernijd

Mei Gianni Versace Retrospective komt takom jier ien fan de ynfloedrykste moadeûntwerpers ea ta libben yn it Grinzer Museum. Yn in kleurrike, dryste en emosjonele útstalling nimt de eksintrike Italiaanske moadeûntwerper jin mei yn ’e wrâld fan ekstrafagante klean en útwrydske sjo’s op de reade loper, dêr’t moade, pop en ûntwerp op spektakulêre wize yn byinoar komme.

Foto: Grinzer Museum

Versace waard 25 jier lyn fermoarde, mar syn foarútstribjende filosofy is noch hieltyd werom te sjen yn it moadebyld fan no. Fan 2 desimber 2022 oant en mei 7 maaie 2023 earet it Grinzer Museum Versace en syn baanbrekkende ûntwerpen. Yn Gianni Versace Retrospective litte heare- en damesklean, assessoires, stoffen, tekeningen, ynterieurûntwerpen en filmopnamen fan de legindaryske sjo’s út syn gloarjetiid fan 1989 oant 1997 sjen hoe útsûnderlik kreatyf Versace wie.

Hy ferbûn moade mei muzyk, fotografy en grafysk ûnwerp en rûn dêrmei foarop by de transformaasje fan moadesjo’s en reklamekampanjes yn keunstwurken. De Italiaan wist de keunsten byinoar te bringen lykas nea earder fertoand. Alle objekten yn de útstalling binne orizjinele stikken en komme út ynternasjonale partikuliere samlingen.

Selsbewustwêzen en supermodellen
Gianni Versace (1946-1997) wie in pionier yn ’e moadewrâld. Hy trochbruts it tradisjonele man-froubyld troch klean foar beide slachten te ûntwerpen en seksualiteit en macht yn syn kreaasjes te ferwurkjen. Syn iepenlike homoseksualiteit makke him in wichtich persoan yn de LGBTQ-beweging. Boppedat spile er in grutte rol yn it selsbewustwêzen fan froulju troch harren lichem net te bedekken. As tûke marketingman luts er ferneamde froulju oan om syn merk te promoatsjen. Tagelyk makke er fan ûnbekende modellen superstjerren. Naomi Campbell, Claudia Schiffer en Cindy Crawford hawwe oan him harren titel as supermodel te tankjen. Foar syn reklamekampanjes wurke Versace gear mei foarútstribjende fotografen lykas Richard Avedon, Helmut Newton, Peter Lindbergh en Bruce Weber. Versace kreëarre in nije status kwo foar de moade-yndustry.

Foto: Grinzer Museum

Grykske âldheid, pop-art en bondaazje
Versace’s grinsferlizzende kombinaasjes en sterke patroanen kamen fuort út syn enoarme kennis fan byldkultuer en keunstskiednis. Hy kombinearre klassike bylden mei pop-art en liet him ynspirearje troch sawol figueren út de Grykske âldheid as tema’s as bondaazje en SM. Versace wurke gear mei keunstners as Andy Warhol, Jim Dine en Julian Schnabel.

Fermoarde yn 1997
Op 15 july 1997 waard Gianni Versace yn ’e âldens fan fyftich jier fermoarde foar syn hûs yn Floarida. Troch Versace’s unike stimpel op de moadewrâld en syn grutte oanhing, ferskynden in protte bekende persoanen en popstjerren by syn begraffenis, ûnder oaren prinsesse Diana en Elton John. Mei syn dea ferlear de moadewrâld ien fan de wichtichste ûntwerpers fan de tweintichste iuw.

De útstalling is gearstald troch Versace-kenners Karl von der Ahé en Saskia Lubnow.

desimber 5, 2021 08:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.