Gemeenten meie nije keaphuzen oan eigen ynwenners tawize

desimber 3, 2021 11:02
Ofbylding: pixabay.com

Minister fan ynlânske saken Kajsa Ollongren wol it mooglik meitsje dat gemeenten nije keaphuzen tawize oan eigen ynwenners. Sa kin foarkommen wurde dat rike minsken oarsearne wei de prizen opdriuwe. Gemeenten reagearje oer it generaal posityf.

Der komme as it oan de minister leit al wat beheinings. Sa jildt de regel foar op syn heechst tritich persint fan de nije wenten. Wenten dy’t djoerder binne as 355 tûzen euro falle net ûnder de regeling.

Gemeenten meie sels witte hoe’t se de regeling ynterpretearje. Se kinne wenten reservearje foar ynwenners fan de gemeente, mar ek foar minsken dy’t der wurkje en der gjin wente fine kinne.

In ferlykbere regeling jildt al folle langer op ‘e Waadeilannen, mar yn de oare gemeenten wie soks ferbean. Benammen jonge minsken dy’t oan harren earste keaphûs ta binne, komme der op it stuit troch konkurrinsje fan minsken út de grutte stêden min tusken. De regeling is der foaral foar ornearre om harren te skewielen.

desimber 3, 2021 11:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.