Gemeente Utert: de wet jildt net foar ús

desimber 10, 2021 13:42
Foto: pixabay.com

De gemeente Utert is net fan doel om him oan de Participatiewet te hâlden. Dat seit wethâlder Linda Voortman hjoed yn de Volkskrant. De wegering kin neffens har betsjutte dat de gemeente bestjoerlike sanksjes oplein kriget, mar dat feroaret neat oan it beslút.

De Participatiewet hat as doel om foar te kommen dat jongelju yn de bystân bedarje as dat net nedich is. Jongelju ûnder de 27 jier moatte dêrom earst in moanne lang selsstannich op ‘e siik nei wurk foardat hja rjocht hawwe op bystân. Hja hawwe, oars as minsken fan 27 jier en âlder, ek gjin rjocht op in fergoeding foar frijwilligerswurk as hja in bystânsútkearing krije. Yn de earste helte fan 2021 mochten gemeenten dêrfan ôfwike, mar dy útsûnderingsregel is wetlik net mear tastien.

Neffens frou Voortman, dy’t wethâlder is foar de partij GrienLinks, kin de gemeente jongelju faak net berikke. Hja seit: “We hebben sommige jongeren geprobeerd na vier weken zelf te bellen. Van een deel was het nummer niet eens meer in gebruik. Er hoeft niks aan de hand te zijn, maar dat geeft een onheilspellend gevoel. Het kan zijn omdat ze werk hebben gevonden, maar we horen ook schrijnende verhalen van jongeren die zich in de schulden steken of het verkeerde pad op zijn gegaan.”

Omdat hja bang is dat de jongelju dy’t ûnberikber binne, yn de problemen reitsje of sels de kriminaliteit yn geane, wol hja dat se makliker bystân krije kinne.

desimber 10, 2021 13:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.