Gâns minder âlden fan dagen krije koroana

desimber 23, 2021 21:26
Foto: pixabay.com

Friezen fan santich jier en âlder krije folle minder faak de koroanasykte as in wike lyn. Der steane foar de foarbye wike 258 besmettings yn ‘t boek. Dat is tritich persint minder as de 378 fan ferline wike. GGD Fryslân wol hawwe dat de nije prippen dat bewurkmastere hawwe.

De âlden fan dagen yn Fryslân wurde hurd holpen. GGD Fryslân hat fan ‘t wike 48.604 koroanaprippen set. De oergrutte mearderheid dêrfan bedarre yn ‘e earm fan âlde minsken dy’t al twa hân hiene.

Koroana wreidet by oaren sa hurd ek net mear. Allinne by jongelju fan tolve oant achttjin jier is it tal besmettings dúdlik heger as ferline wike: it gie fan 450 nei 505, in stiging fan 12,2 persint.

desimber 23, 2021 21:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.