Fryske Miljeufederaasje lansearret fakatuere Fryske deputearre foar Klimaat

desimber 20, 2021 19:43

By de Grienlunch fan de Fryske Miljeufederaasje (FMF) is de fakatuere te praat brocht foar in Fryske deputearre fan Klimaat. Suzanna Bekkema, programmamanager Klimaat & Enerzjy fan de FMF: “It is koade read foar it klimaat. Us fruchtbere delta wurdt oan alle kanten bedrige. Dat giet Fryslân net foarby. Der is trochtaastende en impactfolle aksje nedich. Wy helpe graach om in krisisoanpak te formulearjen. Mei in deputearre foar Klimaat kinne wy polityk en ynwenners helpe by in yntegralere oanpak.”

Douwe Kootstra, Klaas Sietse Spoelstra (Nij-Sicht), Jacqueline Hofstede (Lean Innovation Network, YNOVA), Gerben Engwerda (biologysk boer), Ellis Mourits (Klimaatkoälysje) en Suzanna Bekkema (programmanager Klimaat en Enerzjy FMF wiene de dielnimmers oan de lunch op 20 desimber. Dy wiene it deroer iens: der bart te min en wat wol oanpakt wurdt is te fersnipele. Dêr is it fertrouwen yn politike oplossingen allinne wol wat mei opsein.

Prikeljend dielden se harren fyzje yn in paneldiskusje ûnder lieding fan FMF-direkteur Hans van der Werf. Se seagen benammen foarút: watfoar oanpak past it bêste by Fryslân? Wa fielt him eigener fan de oplossing? Wurdt it net tiid foar in yntegrale blik op dizze krisis? Wat kin de FMF dwaan om dêr konkreet oan by te dragen?

It oanstellen fan sa’n deputearre is net symboalysk: it is in logysk ferfolch op hoe’t de FMF nei oplossingen sjocht. Hans van der Werf: “Dy deputearre giet yn ús jubileumjier ‘de boer op’. Letterlik op ’e siik nei inisjativen dy’t al besteane of yn de Fryske mienskip libje. Ideeën dy’t noch te min sichtber binne, mar wol har wearde hawwe. Troch ynwenners, organisaasjes en polityk oaninoar te keppeljen wolle wy konkrete bydragen leverje.”

Suzanna Bekkema: “Wy dogge noch net mei oan de Provinsjale Steateferkiezingen, mar dat sil him noch wolris wurde!”

www.fmf.frl/klimaatgeputeerde jout mear ynformaasje. Fan woansdei 22 desimber ôf is de Grienlunch werom te sjen op www.fmf.frl en de sosjale kanalen fan de FMF.

desimber 20, 2021 19:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.