Fryske mbû’s sette skouders ûnder it Frysk

desimber 19, 2021 08:52

De Fryske mbû-ynstellingen Aeres, ROC Friesland College en ROC Friese Poort sette yn ’e mande mei de Afûk en provinsje Fryslân de skouders ûnder it Frysk. Alle partijen sille sa mei-inoar it plak fan it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis fersterkje. De partijen hawwe de ambysjes en de dêrby hearrende doelen en wurksumheden fêstlein as ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030. Om dy ôfspraken te bekrêftigjen, setten fertsjintwurdigers fan de ferskillende ynstellingen freedtemoarn harren hantekening ûnder it konvenant ‘Mei-inoar sette wy de skouders ûnder it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis’

Foto: Afûk

Deputearre Sietske Poepjes is ynnommen mei de plannen: “It middelber beropsûnderwiis is in wichtige ûnderwiissektor yn Fryslân. Sawat 70% fan alle ynwenners yn Fryslân mei in (berops)diploma hat in mbû-eftergrûn. It grutste part fan de mbû-studinten yn Fryslân sil yn de regio wenjen bliuwe en kriget hjir wurk. Krekt dêrom is it wichtich om yn harren beropsoplieding goed omtinken te hawwen foar de meartalige situaasje yn Fryslân, mei dêrby in grutte rol foar de Fryske taal.”

Frysk yn it bedriuwslibben 
It belang fan it Frysk docht ek bliken út ûndersyk fan E&E advies (2020) nei de posysje fan it Frysk yn it bedriuwslibben. Wurkjouwers jouwe oan dat by 54% fan de bedriuwen meiwurkers faak oant hiel faak yn kontakt komme mei it Frysk yn relaasje ta de klanten. Sa’n 76% fan de bedriuwen jout ek oan dat sy it ferstean fan it Frysk troch harren wurknimmers wichtich fine. Dêrmei hat it Frysk yn it ekonomysk ferkear in wichtige posysje.

Studinten sille yn harren mbû-oplieding op ferskillende wizen yn ’e kunde komme mei it Frysk. Sa wurkje de studinten oan taalbewustwêzen en taalhâlding oan ’e iene kant en oan taalfeardichheden Frysk oan ’e oare kant. De eigen beropspraktyk fan de yndividuele studint stiet dêr sintraal by.

Sjoch ek www.taalplan.frl.

desimber 19, 2021 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.