Fryske film ‘Stjer’ no ek online te sjen
Resint ferskynd
Freedtejûn wie ûnder grutte belangstelling de online premjêre fan de film Stjer. Yn oanwêzigens fan De Hûnekop en de akteurs Harm Bakker (Swalker Freddy) en Oele Plop waard de streamingside fan Stjer offisjeel iepene. It gehiel wie te besjen fia in livestream op Facebook.

Ynternetpremjêre fan ‘Stjer’ (foto: Stjer Media)
Yn de ôfrûne moannen luts de film hast 15.000 minsken nei de bioskoop, mar troch de hjoeddeiske tichtplicht moast wat oars betocht wurde. “Dêr hawwe wy op ynspile troch de film sa gau as mooglik op ynternet te setten”, seit Emiel Stoffers, “sadat eltsenien ’m yn de krystfakânsje thús sjen kin.”

Foto: Stjer Media
Sa bliuwt it pionierjen fan de makkers fan de film, want in distributeur hawwe se net. “Earst hawwe wy de bioskopen safier krige dat se ús film fertoanden. Dat rûn tige goed. En no besykje we it fia in eigen side. Soks bart hast nea, it is ien grut aventoer. Wy sjogge wol hoe’t it rint”, seit regisseur Janko Krist.
De film is te besjen fia film.stjer.frl en kostet hast tsien euro.

Foto: Stjer Media
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje