Friezen hawwe yn de koroanatiid in protte bern oanset

desimber 23, 2021 12:54
Foto: pixabay.com

Der binne yn de earste tsien moanne fan 2021 yn Fryslân 5.248 poppen berne. Dat is 8,9 persint mear as in jier earder. Dat grutte tal poppen makket fan Fryslân de koprinner ûnder de Nederlânske provinsjes as it om bernkrijen giet.

Oeral yn Nederlân woeks it tal bern. Yn Seelân wie de stiging mei 2,8 persint it lytst. De Fryske gemeenten mei de measte poppen wiene Harns, Weststellingwerf en Waadhoeke.

Dantumadiel is in útsûndering yn Fryslân. It tal poppen wie dêr net heger, mar leger as in jier earder. De delgong wie mar leafst 5,2 persint.

desimber 23, 2021 12:54
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. - desimber 23, 15:11

    Tatebern, dat wurd ha we ek noch.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.