Frânske regear wol faksinaasjepas

desimber 28, 2021 08:28

It Frânske regear wol dat de koroanapas fan 15 jannewaris ôf allinnich noch jildt foar minsken dy’t folslein faksinearre binne of genêzen binne fan in koroanabesmetting, en net mear foar minsken dy’t negatyf test binne. De koroanapas soe dêrmei in faksinaasjepas wurde, kundige premier Castex yn in taspraak oan. It parlemint moat noch wol mei de saneamde 2G-maatregel ynstimme.

Foto: pixabay.com

“Op plakken dêr’t de pas needsaaklik is, moat men sjen litte dat men faksinearre is om binnen te kommen”, sei Castex. It giet dan bygelyks om de hoareka of kulturele ynstellingen. “In negatyf testresultaat wurdt net mear akseptearre.” Fierder kundige Castex nije koroanamaatregels oan fanwege it omikronskaai. It Frânske regear is bang dat der begjin jannewaris 250.000 nije koroanabesmettingen deis komme kinne. Sneon melde Frankryk al mear as hûnderttûzen nije gefallen, it heechste tal sûnt it begjin fan de goarre.

De measte maatregels geane op 3 jannewaris yn. Minsken moatte op syn minst trije dagen wyks ferplichte thúswurkje, as dat mei it wurk kin, en ek mei der net mear iten of dronken wurde yn it iepenbier ferfier, bioskopen, teaters en sportkompleksen. Yn kafees en bars moatte minsken sitte.

It tal minsken dat op in gearkomste wêze mei, wurdt tebekbrocht nei op syn heechst fiiftûzen minsken en twatûzen minsken binnendoar. Dat jildt ek foar sportkompleksen. Fierder meie stedsbestjoeren mûlekapkes yn ’e bûtenlucht fan stedssintra ferplichtsje. De maatregels jilde foar yn elts gefal trije wike.

Frânsen kinne fan hjoed ôf trije moanne nei harren lêste prip al in ôfspraak meitsje foar in oppepprip, kundige Castex oan. Dat wie fjouwer moanne en earder fiif moanne. Minister Véran fan Folkssûnens slút boppedat de mooglikheid fan in fjirde prip net út.

desimber 28, 2021 08:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.