Frânske klimmer kriget helte fan edelstiennen út delstoart fleantúch

desimber 6, 2021 08:02

Nei acht jier kriget in Frânske berchbeklimmer de helte fan in grutte hoemannichte edelstiennen dy’t er op ’e Mont Blanc fûn. De oare helte giet nei de gemeente Chamonix, oan ’e foet fan de berch yn ’e Alpen.

Mont Blanc (foto: pixabay.com)

De wearde fan elk fan de twa dielen is sa’n 150.000 euro en bestiet út smaragden, robinen en saffieren. Sûnt 2013 hat Chamonix besocht om de famylje fan de eigner fan de stiennen te finen, mar sûnder fertuten. De edelstiennen binne nei alle gedachten fan ien fan de slachtoffers fan in fleanramp út 1966. In tastel fan Air India stoarte doe op ’e berch del. Alle 177 passazjiers kamen om it libben. Yn 1950 wie der ek al in fleantúch fan Air India op hast itselde plak delstoart.

Yn 2013 fûn in Frânske alpinist in metalen doaze mei in logo fan Air India derop, dêr’t edelstiennen yn blieken te sitten. De berchbeklimmer besleat de edelstiennen net te hâlden, mar nei de plysje te bringen. De finer wol anonym bliuwe.

desimber 6, 2021 08:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.