FNP-Steatefraksje stelt fragen by grûnoankeapen De Burd
Resint ferskynd
Rint de Provinsje mei grûnoankeapen op eilân De Burd by Grou foarút op in eventueel nij kanaal nei Drachten troch de Hege Warren? Dat wol de FNP witte yn skriftlike fragen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.
De Burd leit op in mooglik trasee fan in eventuele nije farwei nei Drachten fia de Hege Warren. FNP-wurdfierder Wopke Veenstra hat grútsjen heard dat der mei grûnoankeapen op De Burd foarsortearre wurdt op sa’n nij kanaal, wylst de Steaten noch gjin inkeld beslút oer sa’n kanaal nommen hawwe en der ek gjin jild foar apart set is. Oer it gebietsproses foar de Hege Warren neist De Burd is ek noch neat besletten.
As der sprake is fan in ‘antisipearjende oankeap’, dan giet it Kolleezje neffens Veenstra mooglik bûten syn boekje: “Yn de besluten yn 2020 oer de nije Nota Grûnbelied fan de Provinsje is oanjûn dat ‘antisipearjend’ oankeapjen allinnich kin as der definitive besluten fan Provinsjale Steaten lizze. En der moat jild foar it projekt beskikber steld wêze of in goedkard gebietsproses. Oan beide betingsten is yn dit gefal net foldien. Wy wolle dêrom útlis hoe’t dat no krekt sit mei dy grûnoankeapen op De Burd.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje