Fjoerwapen blykt fan sûkelade te wêzen

desimber 7, 2021 08:47

In fjoerwapen dat yn Maastricht fûn waard, bliek minder gefaarlik te wêzen as it yn earste ynstânsje liek. Plysjes dy’t op de melding ôfkamen ûntdutsen dat it om in stik sûkelade gie.

Foto: Plysje Nederlân

In bewenner fan de Limburchske haadstêd skille sneintejûn (pakjesjûn) de plysje om’t er in fertochte pakketsje by de foardoar fûn hie. “By dit soarte fan meldingen soargje we fansels dat we der sa gau mooglik binne om sa’n fjoerwapen yn feilichheid te bringen”, skriuwt de plysje op Facebook.

By it adres oankommen, hearden plysjes dat de melder mei net ien problemen hat en hy net ien betinke koe dy’t him sa bedriigje soe. Doe’t de plysjes it ‘wapen’ fan tichtby beseagen, waard al rillegau dúdlik dat it om snobbersguod gie: in sûkeladepistoal mei in sûkeladedoaske munysje.

Wink foar de sint
Hoewol’t de plysje de man dus gerêststelle koe, hoegde er it kadootsje net. De plysjes mochten it ‘fjoerwapen’ meinimme nei it buro. “Wy hawwe noch in wink foar de sint”, slút de plysjewurdfierder it berjocht ôf. “In sûkeladeletter by de foardoar hie echt folle better west.”

desimber 7, 2021 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.