‘Fesuvius fage Romeinsk plak Herculaneum fuort mei krêft fan atoombom’

desimber 2, 2021 09:45

It geweld dêr’t de Romeinske kuststêd Herculaneum mei fuortfage waard by de útbarsting fan de Fesuvius yn 79 nei Kristus, is te ferlykjen mei wat de atoomboom oanrjochte dy’t yn 1945 op Hiroshima smiten waard. Dat sei de Italiaanske archeolooch Domenico Camardo by de presintaasje fan de oerbliuwsels fan in slachtoffer fan de fulkaanútbarsting.

Herculaneum (foto: Wikipedia/Lalupa – CC BY-SA 3.0)

De stoflike resten waarden yn oktober fûn. It wiene de earste opgravingen yn Herculaneum yn hast trije desennia. Neffens Camardo lykje de oerbliuwsels fan ynwenners fan Herculaneum op hoe’t slachtoffers yn de Japanske stêd oantroffen waarden.

De pyroklastyske stream dy’t mei hûnderten kilometers yn ’e oere fan de fulkaan rôlen nei de útbarsting, besteande út gas, lava en jiske, hie yn Herculaneum neffens wittenskippers in temperatuer fan sa’n 400 oant 500 graden Celsius. Camardo neamde yn The Guardian de fynst fan de resten fan in man fan likernôch fjirtich jier as foarbyld fan de hommelskens dêr’t libbens mei beëinige waarden. Hy waard op in pear meter fan de see fûn. Hy droech in learen taske mei kostbere besittingen. De klean wiene fuortskroeid. De bonken wiene slim skansearre, feroarsake troch it fulkanyske geweld.

Troch seis fulkanyske modderweagen dy’t as floedweagen oer de stêd kamen, wie der hast gjin soerstof, en dêrtroch is ûnder mear organysk materiaal bewarre bleaun. Yn Herculaneum is bygelyks ek iten te finen, wat yn Pompeï – dat ferneatige waard troch in laach fan jiske en fulkaanstien – nea fûn is.

desimber 2, 2021 09:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.