‘Fertel ris’ siket ferhalen yn Smellingerlân en Opsterlân
Resint ferskynd

Foto: Afûk
Foar it projekt Fertel ris reizgje meiwurkers fan de Afûk mei de Karavaan van de vriendschap mei om ferhalen op te heljen. Sterke ferhalen oer eartiids, persoanlike ferhalen oer freonskip, ferhalen dy’t werkenber binne foar de âldere generaasjes. Dy ferhalen wurde brûkt om nij materiaal te meitsjen sa as boeken, foarlêsferhalen of praatkaarten foar aktiviteiten mei âlderein.
Op freed 7 jannewaris reizget de Karavaan troch Smellingerlân, op freed 4 febrewaris troch Opsterlân. De meiwurkers bringe freonskip, muzyk en poëzy en sykje ferhalen. By wa kin de Karavaan op syn tocht troch dy gemeenten oanstekke? Tips kinne nei de Afûk stjoerd wurde: douwkje.douma@afuk.frl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje