Fergees op ynternet: grammatika fan it Frysk fan Sealterlân
Resint ferskynd
- Jier ekstra wissichheid foar 36 Fryske kulturele ynstellingen 0
- Nije dichtbondel fan Elske Kampen: ‘Net fiksearre hûs’ 0
- Definitive fergunning drinkwetterwinning Lúkswâld 0
- Ynspiraasjedei oer boargerskip en meartaligens yn it mbû op 11 oktober 0
- Provinsje stipet sjonger Joost Klein om nei Eurofyzje Sjongfestival 0
Minsken dy’t it Frysk leare wolle dat oarekant de grins praat wurdt, hawwe der in handich helpmiddel by. Mei de Grammatik des Saterfriesischen is der no in wiidweidige beskriuwing fan de sinbou fan it Sealterlânske Frysk. De grammatika is net yn boekfoarm te krijen, mar stiet fergees as PDF-bestân op ynternet. De fiertaal is Dútsk.
De grammatika is skreaun troch Bouke Slofstra, Eric Hoekstra en Tessa Leppers fan de Fryske Akademy. It giet om in earste ferzje. Takom jier wolle hja in útwreide twadde ferzje publisearje.
It Sealterlânske Frysk of Sealterfrysk liket op it Frysk fan de provinsje Fryslân. It wurdt as fak jûn op de basisskoallen fan Sealterlân. Op hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert en op de Westfälische Wilhelms-Universität yn Münster is it de ôfrûne jierren as karfak oanbean en de Afûk hat yn 2020 it learboek Sealterfrysk foar begjinners útbrocht.
Der steane op ynternet ek wurdboeken fan it Sealterfrysk. De nije grammatika en de wurdboeken binne fia dit webstee te finen: https://www.seeltersk.de/seeltersk-lernen/
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje