Femke Kok ferbrekt Nederlânsk rekôr yn wrâldbekerwedstriid

desimber 3, 2021 21:06

Reedrydster Femke Kok hat it hast njoggen jier âlde Nederlânsk rekôr op de 500 meter ferbettere. Yn Salt Lake City ried se 37,01. Dat is fiif hûndertsten rapper as it âlde nasjonaal rekôr fan Thijsje Oenema. De Hearrenfeanske ried op 27 jannewaris 2013 nei in tiid fan 37,06, doe ek yn Salt Lake City. Nei hast njoggen jier wurdt dat dus ferbettere troch Femke Kok, dy’t mei de rappe tiid tredde waard yn de wrâldbekerwedstriid.

Femke Kok is tige wiis mei it rekôr, sei se nei ôfrin tsjin de NOS. “Dit is wer ris wat oars. Ik fielde my al supergoed. Yn de training gong it ek hiel lekker. It wie gewoan in goede rit no. Doe’t ik oer de finish kaam, hie ik earlik sein noch gjin idee hoe hurd ik ried.”

Tagelyk sjocht se ek nei de konkurrinsje. De winst yn Salt Lake City gong nei Erin Jackson, dy’t mei 36,80 in persoanlik rekôr ried. Jackson wûn oant no ta alle wrâldbekerwedstriden op de 500 meter.

“Mar it ferskil is lytser as de ôfrûne wiken”, seit Kok. “Jackson iepenet hast twa tsienden rapper. Ik hoopje dat myn iepening moarn wer wat rapper is. Miskien sit der dan noch mear yn.”

It wie noch net it seizoen fan Femke Kok. Yn de foarige wrâldbekers waard se njoggende, tolfde, alfde en achtste. En dat wylst se ôfrûne seizoen hast net te ferslaan wie. Se bewiist dat it net allinnich mar wurden wienen. Kok is no de rapste Nederlânske frou ea op de koartste ôfstân. “Ik tink dat ik ferline jier noch tsien prosint better wie. Ik hoopje dat der moarn noch mear útkomt. Ik baalde noch in bytsje dat ik hjoed krekt gjin 36’er ried. We sjogge moarn wol wer.”

Michelle de Jong einige op de 500 meter mei 37,56 op it trettjinde plak. De tiid is foar har ek in persoanlik rekôr. Yn de B-groep kaam Marrit Fledderus út Sint-Nyk ta 38,23. De Harnzer Ellia Smeding, dy’t útkomt foar Ingelân, ried 39,77. Letter op freedtejûn komt Antoinette de Jong noch yn aksje op de 3.000 meter. Dêrnei stiet ek noch de 5.000 meter by de manlju op it programma, mei Jorrit Bergsma en Marwin Talsma.

Boarne: Omrop Fryslân

desimber 3, 2021 21:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.