Feie Fonyk lit him net gek meitsje

desimber 30, 2021 19:14

boarne: Media Pathé

Ut en troch krigen wy it ôfrûne jier in jonge man oan ’e doar dy’t him netsjes foarstelde en frege hoe’t it mei my gie. “Poerbêst’ is dan steefêst myn antwurd, “en wêr komme jo foar?”

Eins wit ik it antwurd sûnder it ôf te wachtsjen. Hy wol my wat oansmarre dêr’t ik gjin ferlet fan ha. Sadwaande ûnderbrek ik sokke jongkeardels sa gau mooglik, want se dogge harren bêst en it hat gjin doel om harren tiid te ferbargjen.

Nee, ik haw gjin ferlet fan in oare enerzjyleveransier, of myn jild út te jaan oan in goed doel of ien of oare organisaasje. Foar’t jimme no tinke dat wy op ‘e sinten sitte, nee dat net. Wy stypje al jierren goede doelen mei in fêst bedrach. ‘Amnesty International’ hawwe wy opsein fanwegen harren stânpunt oer it dragen fan klean foar froulju. Se hiene ús te folle begryp foar it dragen fan in holledoek of sokssawat.

Yn in fleach fan totale ferstânsferbjustering hat ús regear ea besletten dat it leverjen fan enerzjy oerlitten wurde moat oan de merk. Sadwaande kinne wy kieze út 38 enerzjymaatskippijen. Ik haw it oan myn krystferljochting en gasstel frege, oft se in oare oanbieder woene, mar it makke harren neat út. It is ûnbegryplik dat de levering fan enerzjy net nasjonalisearre is as basisfoarsjenning. Dat soe in soad kosten en gedonder besparje. Lytse ynkeapers fan enerzjy foelen de lêste wiken om.

Dêr ek totale ferstânsferbjustering.

Noch healwizer is it tal oanbieders fan soarchfersekeringen. Kinst by de ‘Zorgwijzer’ kieze út 47 mooglikheden, tajûn, dy binne ûnderbrocht by tsien grutte bedriuwen, mar dan noch. Dêr kinst dy by byfersekerje foar acne, brillen, gehoarapparaten, diëten, mindfulness, pruken, sterilisaasje, befalling en net te ferjitten de alternative genêswizen. Dat byfersekerjen is in goed idee. Dan hoech ik yn elk gefal net mei te beteljen oan saken dêr’t it nut net fan bewiisd is of dêr’t ik gjin ferlet fan ha. Boppedat is der de mooglikheid om iepen litten in heech eigen risiko te nimmen. Neffens guon asosjaal, mar dy ferjitte foar it gemak dat minsken mei in heech eigen risiko de sûnenssoarch oer it generaal neat kostje.

Dochs hat dêr ek deselde ferstânsferbjustering taslein. De steat hie yn 2006 in nasjonale fersekering ferplichtsje moatten, mei in basisfersekering dy’t keppele is oan de ynkomstebelesting. Dan hie elkenien automatysk fersekere west. Dêrneist de mooglikheid om jinsels by te fersekerjen.

Hawar, it is net oars. Ik bin ynnommen mei myn enerzjy en myn syktefersekering fan dit stuit. Ik doch dus net mei al dy oersjoch listen oan it ein fan it jier, útsein de bêste boeken, dat binne der te folle om te lêzen en de bêste films en dat binne der te folle om te sjen.

Wol wie ik ynnommen mei de kar fan de Nederlânske filmresinsinten. Se setten de Deenske film ‘Druk’ op it earste plak. Spitigernôch is dy net mear yn de bioskoop te sjen, ek net nei14 jannewaris, wol thús by guon oanbieders. It is tagelyk in tragyske en hilaryske film oer de dranksucht fan in tal dosinten yn it fuortset ûnderwiis. By alle ellinde fan Covid en al dy oanbieders fan enerzjy en syktekostefersekeringen: Ik winskje jimme in lokkich 2022 nim der mar ien op.

desimber 30, 2021 19:14
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Klaas jannewaris 6, 14:23

    No, Feie (skûlnamme foar Bergsma) hat him al gek meitsje litten troch de autoriteiten en de media troch in tal pripkes te nimmen…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.