Feie Fonyk: Gefaarlike winterbannen
Resint ferskynd

Boarne foto: dreamstime.com
Kollum
Us jongste soan krige koartlyn fan in freon in mail oer winterbannen. Dy binne gefaarlik. Ik set de tekst hjirby yn it Frysk oer, want ik soe fansels net graach wolle dat sok kwea Friezen treft. Dizze kear dêrom in koarte bydrage dy’t wichtich genôch is.
“Ik wegerje om winterbannen ûnder myn auto te setten. It is myn auto, myn kar en ik bin frij om dat wol of net te dwaan. It is net bewiisd dat sokke bannen goed wurkje, útsein út stúdzjes fan de fabrikanten sels en dat wie te ferwachtsjen.
Myn buorfrou hat in ûngemak hân, nei’t se winterbannen ûnder har auto sette litten hie. Guon minsken hawwe no al it twadde stel, it bewiis dat dy bannen net wurkje. Wy witte ek net wêr’t se fan makke binne. Dy bannefabrikanten meitsje ús benaud mei de winter om der sels better fan te wurden.
It binne ek de bannefabrikanten dy’t de snie útfûn hawwe en dat ferspriede se nachts as wy sliepe. Mei dy winterbannen ûnder de auto kin de oerheid my folgje yn de snie. Ynformearje jimsels, doch de eagen iepen, hâld op om in mak skiep te wêzen.
Ik sis NEE tsjin winterbannen.”
Dizze bannen wurde makke yn de Covid fabryk yn Omikron Súd Afrika.