Feie Fonyk: Efterstân

desimber 16, 2021 21:52

Sa no en dan kom ik dy foto tsjin. Ik stean tsjin de sinne yn te sjen efter in lytse houten kroade. De foto moat makke wêze doe’t ik koart op in beukerskoalle siet. Wêr’t dat krekt wie, dat wit ik net mear. Earne yn in doaze leit in lyts papieren matsje út dy tiid. Ik gie amper nei in beukerskoalle. Dat sil jilde foar mear bern fan myn generaasje. Tsjintwurdich sitte alle fjouwerjierrigen al op de basisskoalle, op in pear útsûnderingen nei. Dêr leare se fan alles.

De komst fan migranten, benammen yn ús grutte stêden, makket dat lang net alle fjouwerjierrigen Nederlânsk prate. Dat wie en is soarchlik en it is begryplik dat de oerheid besiket om dat probleem op te lossen. Eartiids mei programma’s foar eigen taal en kultuer. Mar dat waard al gau ûnmooglik mei safolle kultueren en safolle talen. Boppedat levere it net op wat ferwachte waard. Tsjintwurdich wurde oare programma’s brûkt om de ‘taalefterstân’ fan fjouwerjierrigen op te lossen. Dat smyt ek net altyd genôch op.

Efterstân is in lestich begryp. In Ingelsktalige fjouwerjierrige dy’t yn ús lân komt te wenjen hat in taalefterstân yn ferliking mei oare bern fan syn jierren. Op langere termyn sil it gjin obstakel wêze om in plak yn ús maatskippij te finen. Foar bern fan asylsikers út ‘drege’ lannen leit soks oars.

Dêr sil mear muoite nedich foar wêze om op it goede spoar te kommen. De taalfeardigens fan bern is ôfhinklik fan omjouwingsfaktoaren. Bern leare ommers de taal fan de âlden en de omjouwing. De echte behearsking fan taal of talen hat ek te krijen mei oanlis en ambysje. Skoallen en miljeu hawwe dêr net alle ynfloed op. Boppedat docht út ûndersyk bliken dat te folle klam op taalfeardigens mar al te faak ta skea giet fan boartsjen en oare saken dy’t just foar jonge bern fan belang binne.

Boppedat: wat bedoele wy eins mei efterstân? De ferskillen tusken bern binne al grut en dy wurde by it âlder wurden allinne mar grutter. Dat hat oerlibbenswearde. Just trochdat minsken net deselde mooglikheden, kapasiteiten en ambysje hawwe, kin elkenien op eigen wize in bydage leverje oan it goed funkjonearjen fan minsken en maatskippij.

desimber 16, 2021 21:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.