Faksinaasjegraad Covid-19 yn Fryslân leger as by it ryksfaksinaasjeprogramma

desimber 16, 2021 09:26

Yn de provinsje Fryslân is de faksinaasjegraad leger as op basis fan it ryksfaksinaasjeprogramma ferwachte wurde mei. Yn sawat alle Fryske gemeenten binne minder ynwenners tsjin koroana faksinearre. Dat docht bliken út in analyze fan it Zorgverzekering Informatie Centrum op basis fan RIVM-data. Dêrby is de koroanafaksinaasjegraad njonken dy fan it ryksfaksinaasjeprogramma lein.

Foto: pixabay.com

Faksinaasjegraad yn Achtkarspelen wykt sterkst ôf
Yn de gemeente Achtkarspelen wykt de faksinaasjegraad ûnder folwoeksenen it sterkst fan it ryksfaksinaasjeprogramma ôf (-17,9%), de op fjouwer nei heechste ôfwiking fan Nederlân. Allinnich Urk, Staphorst, Rotterdam en Heerlen hawwe in hegere ôfwiking. Yn Noardeast-Fryslân (-16,6%) en Dantumadiel (-15,9%) binne folle minder ynwenners yninte tsjin de koroanagoarre as ferwachte.

Skylge (+19,6%) en It Amelân (+3,8%) binne de iennige Fryske gemeenten dy’t ta de njoggen lanlike gemeenten hearre dy’t in hegere faksinaasjegraad tsjin Covid-19 hawwe as by it ryksfaksinaasjeprogramma.

Kluster net-faksinearre jongerein yn en om Dantumadiel hinne
Ferspraat troch Nederlân binne der in stikmannich klusters fan gemeenten mei in folle legere faksinaasjegraad ûnder jongelju as ferwachte. Yn Fryslân is sa’n kluster yn en om de gemeenten Dantumadiel en Achtkarspelen.

desimber 16, 2021 09:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.