Eksposysje ‘Meat the Future’ yn De Lawei

desimber 18, 2021 09:07

Fan no oant en mei 13 febrewaris presintearret De Lawei de eksposysje Meat the Future fan Next Nature Network. Yn 2050 hat de wrâldbefolking in omfang berikt fan 9 miljard. Hoe moatte we al dy minsen fan iten foarsjen? Mei rys, beane en seewierboargers? As we ek noch fleis ite wolle, moat de manier dêr’t fleis op produsearre wurdt drastysk feroare wurde. It moat duorsumer en dierfreonliker. Neffens wittenskippers is kweekfleis, makke út de stamsellen fan bisten, it oanwiisde alternatyf. Next Nature Network presintearret op de eksposysje Meat the Future in rige oantreklik optsjinne kweekfleisprodukten dy’t oansette ta neitinken. Oer ús takomst. En oer ús ytkultuer.

‘Meat the Future’ (boarne: De Lawei)

De kommende wiken sjocht de eksposysjeromte yn De Lawei derút as in restaurant. Der binne yttaffeltsjes dêr’t ferskate gerjochten op presintearre wurde: Ravioli fan Bresse Kweekkyp, Transparante Sashimi, Tsjoenfleisballen, Medisinale Rys mei fleisbeane, Lab-Swezerik… it binne keunstsinnige represintaasjes fan kweekfleisgerjochten, gearstald troch Next Nature Network. Dy organisaasje wol mei de presintaasje en byhearrende ynformative menukaart besikers neitinke litte oer de foardielen fan kweekfleis.

Oantreklik alternatyf
De presintearre gerjochten lykje tige op de fleisgerjochten dy’t we al kenne. “Sa wurket de merk”, seit Hendrik-Jan Grievink, ûntwerper by Next Nature Network. “Dat sjogge we ek by fleisferfangers. De akseptaasje fan nije produkten wurdt makliker troch oan te sluten by de ytkultuer fan minsken.”

Neffens Grievink kin kweekfleis in oplossing wêze foar ferskate problemen. “We hawwe te krijen mei fjouwer grutte útdagingen: it ferlet fan duorsume produksje, it foarkommen fan tekoarten oan iten, it mijen fan bisteleed en it kreëarjen fan de reewilligens by minsken om op oare manieren te iten. Kweekfleis kin dêr in wichtige rol by spylje. Mei de restaurantpresintaasje fan kweekfleis yn Meat the Future wurdt besocht om minsken alfêst nijsgjirrich te meitsjen nei kweekfleis as in oantreklik, lekker mar ek needsaaklik alternatyf.”

‘Meat the Future’ (boarne: De Lawei)

Besikersynformaasje
De eksposysje Meat the Future is te besjen yn de eksposysjeromte fan De Lawei. Dy is iepen fan tongersdei o/m snein: 14.00 oere – 17.00 oere. In koroanatagongsbewiis is ferplichte foar de eksposysjeromte foar besikers fan 13 jier ôf. It dragen fan in mûlkapke is ek ferplichte by it bewegen yn de romte. De eksposysjeromte is berikbaar fia de yngong oan it Reidingplein of fia de eigen yngong.

desimber 18, 2021 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.