Eise Eisinga Planetarium foardroegen foar Wrâlderfgoedlist
Resint ferskynd
- LTO Noard: Bioferskaatmaatregels fan boeren foar flinters wurkje 0
- Amerikaansk jonkje (6) bestelt foar tûzen dollar oan iten mei heit syn snoadfoan 0
- Utrikking LF2028-prizen by Iepen Mienskipfûnsjûn 0
- Doede Wiersma: De berchrede as troanrede op ’e tredde tiisdei fan septimber 0
- ‘De letterfretter’ is it nijste berneboek fan Lida Dykstra 0
Nederlân draacht it planetarium fan Eise Eisinga yn Frjentsjer foar de Wrâlderfgoedlist fan Unesco foar. As dy organisaasje de foardracht akseptearret, “is it in wrâldwide erkenning fan de bysûndere wearde fan it planetarium”, seit deminsjonêr minister Van Engelshoven fan Kultuer.

Foto: Wikipedia/Niels Elgaard Larsen – CC BY-SA 3.0

Foto: Wikipedia/Bouwe Brouwer – CC BY-SA 3.0
It Keninklik Eise Eisinga Planetarium stiet bekend as it âldste funksjonearjende planetarium op ’e wrâld. De Fryske wolkjimmer, sakeman en amateur-astrolooch Eise Eisinga boude it sels yn syn hûs tusken 1774 en 1781. In slingeroerwurk driuwt it planetarium oan. De konstruksje jout in aktueel byld fan de posysjes fan de sinne, de moanne, de ierde en de fiif oare planeten dy’t eartiids bekend wiene.
Ryksmonumint
Sûnt 1967 is it planetarium in ryksmonumint. En Eise Eisinga is as foarbyld fan in man fan de Ferljochting yn de Kanon fan Nederlân opnommen. Sûnt 2011 stie it planetarium op de foarriedige list fan takomstige oanfragen foar de Wrâlderfgoedlist.
Neffens frou Van Engelshoven hat in plak op ’e list fan Unesco in positive ynfloed op de bekendheid fan de histoaryske binnenstêd fan Frjentsjer en de regio Fryslân. “It soe in moaie oanfolling op it oare wrâlderfgoed yn Fryslân wêze.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje