Eastenrykske âld-kânselier Kurz wol wat oars mei syn libben dwaan
Resint ferskynd

Sebastian Kurz, dy’t yn oktober dien naam as kânselier fan Eastenryk, hâldt op mei de polityk. Wat er krekt dwaan sil, wit er noch net.
Kurz wie mei syn 35 jier tige jong foar in minister-presidint. Hy hâlde op te wurkjen doe’t er beskuldige waard fan fraude: der waard grute dat er oerheidsjild brûkt hie om opinypeilings yn syn foardiel te manipulearjen. Kurz seit dat dêr neat fan wier is. It parlemint hat besletten om him syn parlemintêre ûnskeinberens ôf te nimmen, sadat er berjochte wurde kin.
De beskuldigings binne ien reden foar Kurz om op te hâlden mei de polityk. Dat er krekt heit wurden is, is in oaren ien.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje