Dit is de dei… (ferhaal)

desimber 25, 2021 07:05

Sara en Simon folgje Jezus

troch Foekje-Fleur Fink

         boarne: www.foekjefleurfink.nl

Sara en Simon belibje – mei harren grutte broer Daniël, heit en mem, pake en oare famylje – de ferhalen fan ‘Dit is de dei…’.
De hiele famylje is doopt yn de Jordaan en in ‘nij libben’ begûn. Yn dat nije libben draait alles om Jezus fan Nazaret. Mar wa is Jezus no krekt? Wêr is hy berne? En wa binne syn heit en mem? Eins hiene se dat oan Johannes freegje moatten, doe’t se doopt waarden. Dy hie it grif wol witten. Gelokkich binne der mear minsken dy’t Jezus kenne. Dy fertelle de ferhalen troch oan wa’t it mar hearre wol.

Hjoed fertelle de hoeders oer de berte fan Jezus. Je soene ferwachtsje dat Jezus’ heit en mem wol in moai widske foar de lytse Jezus klearstean hiene. Mar dat wie net it gefal.
Alles rûn hiel oars. Harkje mar…

De berte fan Jezus

Lukas 2,1-7

Daniël wie ek thúskommen. Hy hie mar twa kamielen by him. “Ik hoopje dat der wat hannel is yn Kafarnaüm”, sei er.
Giesto jûn ek mei nei de skieppehoeders, Daniël?” frege Sara.
“Wat moat ik dêr?”
“No gewoan, harkje nei de ferhalen oer Johannes en Jezus. Pake giet ek mei.”
Simon kaam der ek by stean en sei: “It binne gjin gewoane ferhalen, hear.”
“Binne it de hoeders dy’t as earsten it boadskip krigen, fan Jezus berte?”, frege Daniël.
“Hm, dat wit ik net, hear”, bromde Simon. “Dat moatst sels mar freegje.”
“Giest no wól of net mei?”, frege Sara nochris.
“Dat wit ik noch net. Ik haw earst noch in ôfspraak mei in keapman.” Daniël rûn fuort.

“Se binne der allegearre”, flústere Sara.
“Wa bedoelst?”, frege Mirjam.
Sara draaide har om en wiisde nei heit en mem. “En dat is ús Daniël. Simon sit njonken him.” Pake stuts noch gau efkes de hân op nei Sara.
Doe begûn ien fan de hoeders te fertellen…
“Wy moatte nei Betlehem, Maria”, sei Joazef.
“Nei Betlehem? Wêr is dat goed foar?”, frege Maria.
“De keizer fan Rome wol witte hoefolle minsken oft der yn dit lân wenje. It sil wol mei de belesting te krijen ha. Alle minsken moatte nei it plak gean dêr’t se berne binne.” Maria lei de hân op har swiere búk en rôp: “Hielendal nei Betlehem? It berntsje kin no alle dagen komme, Joazef.”
“De keizer wol it sa ha. Ik wit ek net hoe’t it oars moat”, sei Joazef. “Sil ik in sêfte tekken op de rêch fan de ezel lizze? Dan kinsto dêrop sitte.”

De oare moarns betiid giene Joazef en Maria op reis. It wie drok. De minsken reizgen nei it plak dêr’t se berne wiene.
Nei in lange reis kamen se yn Betlehem oan. “Ik sjoch de herberch al”, sei Joazef.
“Gelokkich!”, sei Maria. “Ik bin sa wurch.”
Joazef kloppe oan en frege oft se fannacht dêr ek sliepe koene. Mar de baas fan de herberch sei: “It spyt my, der is gjin plak mear.”
Joazef skrok. “Wy komme alhiel út Nazaret. Myn frou is yn ferwachting.”
De baas seach skean nei Maria. “It is net oars”, bromde er en helle de skouders op. “Ik ha noch in stâl. Dan ha jim yn alle gefal in sliepplak. Foar iten sil ik wol soargje. Fretten foar de ezel is der genôch.”
Dy nacht waard yn ’e stâl Jezus berne.
Gelokkich mar dat Maria noch wat doeken fan thús meinommen hie. Dêr rolle se it berntsje yn. Joazef lei de tekken dêr’t Maria op sitten hie, yn de fuorbak fan de bisten.
Sa krige it berntsje in sliepplak yn ’e krêbe.

Mei tastimming oernommen fan Foekje-Fleur Fink | Verhalen (foekjefleurfink.nl)
desimber 25, 2021 07:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.