Direkteur GGD kriget oppepprip by wurkbesite
Resint ferskynd
GGD-direkteur Margreet de Graaf krige moandeitemiddei har oppepprip by in wurkbesite oan de faksinaasjelokaasje op It Hearrenfean. Tegearre mei boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente waard se rûnlaat.

Foto: GGD Fryslân
De al plande wurkbesite oan de Uhlwei koe moai kombinearre wurde mei de oppepprip. De Graaf is fyftich jier en dus al oan bar foar de ekstra prip. Boppedat kriget alle personiel fan de GGD de oppepprip oanbean, om derfoar te soargjen dat de grutte opskaling dy’t geande is sa min mooglik fersteurd wurdt troch syktefersom. Van der Zwan (67) hie de ekstra faksinaasje ferline wike al helle.
Elkenien berne yn 1980 of dêrfoar kin no in ôfspraak foar de oppepprip meitsje. De kampanje draait op folle toeren. GGD Fryslân set derop yn dat heal jannewaris alle achttjinplussers dy’t dat wolle, in oppepper hân ha. Dat is wat earder as de lanlike planning.

Foto: GGD Fryslân
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje