Diken en oplieding bedriigje lytse talen

desimber 28, 2021 17:15

De Sintrale As koe wolris in striemin idee wêze as de provinsje it Frysk wier stypje wolle. De oanlis fan diken is nammentlik ien fan de grutste risiko’s foar oare talen. Dat seit de Australyske wittenskipper Lindell Bromham. Bromham is gjin taalkundige, mar biolooch en hy sjocht grutte oerienkomsten tusken it ferdwinen fan talen en fan planten en bisten.

Fan de likernôch sântûzen talen dy’t op it heden yn gebrûk binne, binne 1500 sa slim bedrige dat se sûnder goed belied oan ‘e ein fan ‘e iuw útstoarn binne. Der is lykwols hope. Bromham en syn kollega’s hawwe mear 6511 talen bestudearre en koene úteinlik 51 risikofaktoaren foar talen op in rychje sette.

Kontakt mei oare talen is opfallend genôch net in risiko. It is sels krekt oarsom: taalkontakt op himsels wurket befoarderjend op it behâld fan in taal. Wat wol skealik is, is mobiliteit. As in taalgebiet oer de dyk maklik berikber is, docht dat de taal skea.

Oplieding is ek in risikofaktor. Minsken mei in hege oplieding skeakelje faker oer nei in oare taal as minsken mei in lege oplieding.

It wichtichste wat oerheden dwaan kinne om talen te behâlden is neffens de ûndersikers it wurkjen oan in mienskip: de praters fan in taal moatte harren mei-inoar ferbûn fiele. Fierders is meartalich ûnderwiis neffens de ûndersikers wichtich, krekt as de beskikberens fan goede wurdboeken en grammatika’s.

De ûndersikers hawwe ek nei it Frysk sjoen. Dat wurdt yn Nederlân as ‘bedrige’ en yn Dútslân as ‘sterk bedrige’ beskôge. Yn Nederlân bestiet it grutste gefaar neffens de ûndersikers foar de Nederlânske gebeartetaal NGT. Dy wurdt ek as ‘sterk bedrige’ beskôge.

Klik hjir foar in gearfetting fan it artikel yn Nature dêr’t de ûndersikers harren resultaten yn beskriuwe.

Klik hjir foar in oersjoch fan alle talen dy’t de ûndersikers besjoen hawwe.

desimber 28, 2021 17:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.