Der wie ek al rebûlje om it Frysk yn de tritiger jierren

desimber 3, 2021 10:44

Ynstjoerd

By alle aktiviteiten om de Kneppelfreedbetinking hinne fernuvere it my dat nearne nei foaren brocht waard wat him him njoggentjin jier earder ôfspile hat: Fryske studinten geane op de dei fan it Krystkongres fan desimber 1932 de strjitte op mei flaggen: de Fryske en dy fan studinteselskippen út Wageningen en Utert. Hja hawwe foar dy demonstraasje gjin fergunnung oanfrege. Plysje Berend Wachter freget harren om de flaggen op te rôljen, wat se net dogge. Se wurde op ‘e bon slingere. Ien fan harren, Haring Tjittes Piebenga, wurdt dy middeis noch in skofke fêstholden, hy hie plysje Berend de pet fan ‘e holle slein. om’t dy him net yn it Frysk te wurd stean woe.

Op de sitting dêroer op 16 febrewaris 1933 wegeret Piebenga Nederlânsk te praten, wat him net yn tank ôfnommen wurdt. As de rjochter, mr. Meihuizen, him hjit om Nederlânsk te praten of oars te swijen, anderet Piebenga: “Mar ik haw it lêste wurd.” Dat is foar mr. Meihuizen reden genôch om de parketwacht opdracht te jaan Piebenga út de seal te setten. Dat, Fedde Schurer wie net de earste dy’t him net ferbrekke woe yn de rjochtseal.

It omsittend laach by de Fedde Schurerlêzing 2021. Foto: It Nijs

By de Fedde Schurerlêzing ôfrûne sneon yn de Koperen Tún koe ik it net litte, ik móast it kwyt. “Yn 1932 hat ús heit al in wike sitte moatten om’t er yn de rjochtseal net Hollânsk prate woe”, rôp ik. Dat wie net alhiel krekt, it wiene fiif dagen. Dat woe er leaver as fiif gûne betelje. ‘Wat wie syn fergryp?” frege de gesprekslieder. Myn 77-jierrige earen fongen allinnich ‘gryp’ op en ik wist net adekwaat te reagearjen.

Thús socht ik it goed bewarre artikel It studinteoproer fan 1932 út de rige ‘Dwers’ fan Pieter de Groot op (LC 15-11-2002). De Groot skriuwt: “De rjochtsaak hat de oandacht fan it hiele lân krigen omdat Piebenga allinnich Frysk prate woe en de kantonrjochter net oars as Hollânsk hearre woe. (….) Yn gjin tiden wie oer de Fryske saak safolle praat as doedestiids.”

Dêr haw ik in bewiis foar. Ut in brief fan ús mem Jehanne Kuipers, ûnderwizeres yn Heukelum by Utert, oan  ús heit:

Jouns noch efkes mei Mefr. Barger (dûmnysmefr.)
Do’t ik mei hjar nei hûs roun. “Zeg ken jij die student uit U. waar zo’n stuk over in de Leerdammer stond?”
“Ja mevrouw, die ken ik heel goed.”
“Wie is dat dan?”
Nou, do makke ik hjar mar wizer fansels. (13-07-1933)

De Groot einiget syn stik mei it folgjende: “De measte studinten-demonstranten wiene oprjochte Friezen anneks Nederlanners dy’t letter neat fan it yn 1933 opkommend nasjonaal-sosjalisme ha moasten en de goede kant keazen. De avonturier Haring Tjittes keas lykwols de ferkearde kant en sadwaande kaam de studinte-aksje yn in kwea deiljocht te stean en wurdt der yn de striid foar it Frysk yn de rjochtseal oan foarbygien. Mar dat is skiednis ûnrjocht dwaan.”

Nei’t ik alle brieven, kranteferslaggen, pamfletten ensfh. – lang yn in tichte doaze bewarre – lêzen en sortearre haw, koe ik konkludearje dat Haring Tjittes Piebenga net oan de Joadeferfolging dielnommen hat en dat er fan dy oanklacht troch de rjochtbank frijsprutsen is. Dat is in opluchting. Feit bliuwt dat er lid wie fan in abjekte partij. Dat hat in duorjende negative ynfloed hân op syn libben. En op dat fan syn frou en bern.

Mette Meinou H. Piebenga

desimber 3, 2021 10:44
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Kerst Huisman desimber 3, 11:22

    Ik tink dat’st der goed oan dien hast Meinou om dy aksje fan dyn heit (en oaren) yn it ûnthâld tebek te roppen. It is ek goed (en moedich) om dêrby net foarby te gean oan de stânpunten fan Haring Tjittes yn de oarloch. Ik wit ek hoe’t jimme as bern dêrûnder lijd hawwe. De kar fan him en syn dieden hawwe, lit ik dêroer dúdlik wêze, ferkeard west. Mar safolle kwea hat er no ek wer net oanrjochte. Ik mei graach, as it oer ditsoarte diskusjes giet, graach wize op hiel oare gefallen. Sa hat Nederlân fan 1950 oant en mei 1960 in minister fan oarloch hân, dy’t yn de besettingstiid belutsen west hat by in Dútsk plan, dat de útroeging fan miljoenen minsken troch honger yn de Sovjet-Uny ta doel hie. It wie it saneamde Oostboerenproject. Dy man wie ir. Cees Staf. De man wie yn de besettingstiid direkteur fan de Heidemij en waard de koordinator fan dit op genoside fan de Slavyske befolking rjochte projekt. Dat stie fierders ûnder lieding fan Rost van Tonningen. No, dan witte jo it wol. Staf is folslein frijút gien, mar hy hie neffens my de deastraf fertsjinne.

  2. M. M. H. Piebenga jannewaris 3, 12:04

    Tank Kerst! Sokke reaksjes dogge my en myn broer en suster hiel goed.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.