De populêrste artikels fan 2021

desimber 31, 2021 07:00

It giet goed mei It Nijs. Lykas ferline jier is it tal lêzers wer tanommen. Hieltyd mear oerheden, organisaasjes en minsken dy’t wat te melden hawwe, witte It Nijs ek te finen. Der komme alle dagen safolle parseberjochten yn, dat wy mar in diel derfan brûke kinne foar in artikel. Der binne nije meiwurkers by kommen, lykas kolumnist Binne Mosk. Fan ús âlde, trouwe en populêre kolumnist Aant Mulder hawwe wy spitigernôch om reden fan sûnens ôfskie nimme moatten.

Wat net feroare is dit jier, is de foarkar fan ús lêzers foar beskate ûnderwerpen. Nijs oer de Fryske taal, oer Frysksinnige ûnderwerpen en oer saken mei in seksueel tintsje steane boppe yn de list mei populêrste artikels. Wat jo net ferwûnderje sil: koroananijs spile dit jier ek net swak by. De tsien bêst lêzen stikken steane hjirûnder nochris foar jo op in rychje.

Hilda Talsma (foto: Jacob van Essen)

10. Seks-soap
Sieger Bijsterveld skriuwt yn dit stik dat er it boekewikekado fan Hilda Talsma, Lockdownleafde, mar neat fynt. De reden dêrfoar wolle jo miskien noch wol in kear lêze?

9. In bytsje Jouster Merke
Ien fan ‘e redaksjeleden fan It Nijs komt fan ‘e Jouwer en doe’t er fernaam hoe’n kreätyf alternatyf oft de Jouster middenstân betocht hie foar de Jouster Merk, makke er dêr in stik mei foto’s oer.

8. Heimsinnige goeddogger Jouster Toer komt foar it ljocht
Mear Jouster nijs: wa soe dochs dejinge wêze dy’t in grut bedrach betelle hie om in nije spits op ‘e Jouster Toer te setten? Yn dit artikel wurdt syn namme buorkundich makke.

7. Dútsk ferfangt Frysk as fiertaal by online-ûnderwiis
Nijs fan de Sealterfriezen: troch in aparte situaasje mocht it Frysk net langer as fiertaal yn de les brûkt wurde. Dit stik leit út hoe’t dat sit.

6. Sjoch streekrjocht mei op it see-earnenêst
Wikenlang koe men fia in webcam yn it nêst fan it pearke see-earnen yn de Alde Feanen sjen. De prachtige opnamen fan de jongen lutsen grutte groepen nigethawwers.

Doutzen Kroes makket in fideodeiboek; boarne: Doutzen Diaries

5. Gynekolooch skriuwt Frysktalige iepen brief oan Doutzen Kroes
Gynekology, de moaiste Friezinne, Frysksinnigens en koroanagehakketak yn ien berjocht: hoe soe sa’n artikel ek bûten de top-10 falle kinne?

4. Fryske obers hawwe skjin harren nocht fan Hollânske grutbekken
Hiel wat minsken woene wol lêze oer Hollanners dy’t harren yn Fryslân misdrage. Dêr wiene dit jier troch koroana mear fan yn Fryslân as oare jierren.

3. Anneke Douma en Griet Wiersma fermoarde
It Nijs hat in protte lilke reaksjes krigen fan minsken dy’t tochten dat de twa Fryske sjongeressen echt dea wiene. Aldergeloks libje se allebeide noch as in hert. Wêrom’t Omrop Fryslân dochs melde dat se fermoarde wiene, wurdt yn dit stik út de doeken dien.

2. Wêrom’t de kul by âlde manlju lytser wurdt (en wat dêroan te dwaan is)

Elske de Wall (foto: EO/Jacqueline de Haas)

Hast alle jierren stiet der wol in artikel oer geslachtsdielen yn de top-10. Dit jier gie it nijs oer it krimpen fan it manlik lid by it âlder wurden. Oft It Nijs in protte âlde manlju ûnder syn lêzers hat.

1. Elske de Wall sjongt ‘Het dorp’ yn it Frysk

Dit nijs oer in moai ferske wie dochs noch in stik populêrder as it kulnijs. Yn it artikel binne trije fideo’s opnommen: ‘It doarp’ fan Elske de Wall, ‘Het dorp’ fan Wim Zonneveld, dêr’t it op basearre is, en it Frânsktalige orizjineel, dat yn Fryslân amper bekend is.

desimber 31, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.