‘De myte foarby: It ferhaal fan Fikings en Friezen’

desimber 14, 2021 08:31

Yn in telefyzjekolleezje op woansdei 15 desimber fertelt Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy, oer har ûndersyk nei de Wytsingen as famylje fan de Friezen. It is it ûnderwerp dêr’t sy op promovearre is.

Nelleke IJsennagger (foto: Omrop Fryslân)

In soad Friezen binne der wis fan: wy binne famylje fan de Wytsingen. Dy stoere fjochtersbazen út it hege noarden, dêr fiele wy ús graach ferbûn mei. En dat is ek net sa gek, want it is wis dat de Wytsingen hjir yn de iere midsiuwen omhúsmanne ha. Mar hoe sit it no echt? Wat hat de rol fan de Wytsingen yn ús skiednis no presys west, en wat ha se ús neilitten?

Frou IJssennagger hat jierrenlang ûndersyk dien nei de Wytsingen yn de âlde Fryske gebieten. Hoe kamen sy hjir telâne en wat heefden se út? Hoe ferholden de ynwenners har ta dy ynkringers, en wiene it werklik fan dy wylde rôvers en moardners? Wat ha de Wytsingen neidat se ferdwûn wiene oan ús neilitten?

Fragen stelle
De lêzingen binne yn de Botniastins, it gebou fan de hjoeddeistige Akademy fan Frjentsjer. Sjoggers kinne live fragen stelle. Yn de útstjoering wurde de fragen sammele. Programmamakker Bart Kingma stelt dy dan nei ôfrin fan de lêzing oan de sprekker.

It programma is te sjen op woansdei 15 desimber om 20.30 oere by Omrop Fryslân.

Thúsakademy
De Akademy fan Frjentsjer en Omrop Fryslân bringe, nei twa eardere rigen, op ‘e nij kolleezjes fan trije topwittenskippers yn de Thúsakademy. It tema is diskear: De myte foarby. Ferline wike fertelde wittenskipshistoarikus Arjen Dijkstra oer syn ûndersyk nei Eise Eisinga. Dat kolleezje is hjirre noch te besjen. Dêrûnder binne de twa eardere rigen fan trije kolleezjes werom te sjen. Ankom wike fertelt heechlearaar Fryske taal- en letterkunde Goffe Jensma oer syn ûndersyk nei Oera Linda.

desimber 14, 2021 08:31
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Martinus desimber 14, 16:30

    Wytsinger is in frânske útspraak foar wyking. De Frânske tongslach as tongfâl hat it dreech om de sk-klank út te sprekken. De wykelingen binne nei myn betinken de Saksen die’t flechte binne nei Denemarken wer se feilich efter de Dannevirke by komme koenen. En it moatte neffens my ek dizze Saksen weze dy rûnom 793 de oanfâl op it kleaster Lindisfarn ynsetten hawwe om op die wize werom te slaan nei de Katolyke Tsjerke. It kin sa wêze dat êk Friezen by harren oanslútten binne, mar der bin ik net wis fan. Letter hawwe de Denen en de Noaren de stratezjy fan de Saksen oernommen. en dan tsjin de Franken. De Denen fochten mear oer it wetter, de Franken mear oer it lân. De oarsprong fan de striid is religy.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.