Carmen Schabracq o/m 24 desimber 2021 yn Keunsthûs SYB

desimber 3, 2021 08:31 Fernijd

Carmen Schabracq is op it stuit residint yn Keunsthûs SYB. Hja ferbliuwt sûnt 9 novimber seis wike yn it Keunsthûs yn Beetstersweach, dêr’t se har ferdjippet yn ferskate frisseltechniken lykas reidflechtsjen en flechtsjen mei wylgetienen.

Carmen Schabracq (foto: Saskia Hardus)

Hja wol it ambacht fan it frisseljen tapasse yn nij te ûntwikkeljen skulpturale maskers, dy’t basearre wurde op lokale skiednissen, folksferhalen út ’e widere omkriten en in protte âldere myten en sêgen fan Fryslân. In begjinpunt yn it ûndersyk is har fassinaasje foar de duvel; in oerbyld dêr’t se faker mei wurket. Se sil har ferdjipje yn klokkestuollen en oare âlde brûkmen fan Fryslân.

It masker en it portret foarmje in faak weromkommend tema yn it wurk fan frou Schabracq, dêr’t hja de kompleksiteit fan de minsklike identiteit en har eigen ‘rol’ as froulik keunstner mei ûndersiket. It masker is in helpmiddel yn in ritueel of performance om ‘de oar’ te wurden en dêr boartet se op ûnderskate wizen mei. Har personaazjes kinne yn har wurk eltse identiteit oannimme en har yn alderhande soarten fan kleurrike tastannen of romten befine.

Carmen Schabracq wurket yn har residinsjeperiaode gear mei Jannie Hakman. Dy wurket al mear as tweintich jier mei de âlde technyk fan it flechtsjen mei wylgeriis. Underwilens hat hja har eigen “Vlechtschuur”, dêr’t hja geregeld workshops jout. Har earste workshop folge se by it Nasjonaal Flechtmuseum Noardwâlde, dêr’t frou Schabracq ek in besite oan bringe sil.

De frissele maskers en ferhalen komme werom yn nije skilderijen dy’t frou Schabracq ynsette wol as in soarte fan fisueel neifertellen. De einprodukten binne ein desimber yn in tentoanstelling te sjen. Yn har residinsjeperioade is Keunsthûs SYB op sneon en snein fan 13.00 oant 17.00 oere iepen – ûnder foarbehâld fan de maatregels oangeande it koroanafirus.

Carmen Schabracq is berne yn Amsterdam (1988), dêr’t hja no wennet, wurket en yn 2012 har BFA behelle hat oan de Gerrit Rietveld Academie. Yn 2015 behelle se har MFA (teäter/kostúmontwerp) oan de Koninklijke Academie voor Schone Kunsten Antwerpen mei har ûndersyk en wurk Naakte Maskers (Neakene Maskers). Hja wurket yn ferskillende media en makket benammen skilderijen en maskers; fan papier-masjee, haakt fan wol of makke fan oar tekstyl. Somtiden manifestearje dy maskers har yn skulpturale ynstallaasjes, foto’s en útfieringen of se komme werom yn har skilderijen.

Har wurk is in trochrinnend ûndersyk nei maskerade en it idee fan portret – de ynderlike siel fan in persoan yn oerienstimming mei syn bemaskere realiteit. Sa die se yn 2019 in artist in residency yn Casa Lü yn Mexico City, dêr’t se wurk makke oer lokale maskers en de kultus oangeande de dea, en ferbleau se yn 2020 yn de AiR fan it Vincent van Goghhuis yn Zundert, dêr’t se ûndersocht oft in (skildere) portret in foarm fan masker wêze kin dat de ynderlike steat fan de ôfbylde persoan bleatjout (‘ûntmaskeret’).

desimber 3, 2021 08:31 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.