Bouwe de Boer: Jo ‘Tipping point’ al berikt?

desimber 18, 2021 07:02

Kollum

Hieltyd faker wurdt omtinken jûn oan it ‘Tipping point’ as it om de opwaarming fan de ierde giet. In tipping point is in punt wêrop’t in feroaring net mear te kearen is. By klimaatferoaring wurdt dan meastal in slimme feroaring yn in (natuer)systeem op ierde bedoeld. Foarbylden dêrfan binne: it teien fan it iis op Grienlân en de Noardpoal. Dêr leit genôch iis om de seespegel op ierde sân meter omheechkomme te litten. De eangst is dat dit teiproses himsels fersterket, dêr’t de seespegel folle gauwer troch stiicht as we no tinke.

Longen
In oar foarbyld is de Amazône: de ‘longen fan de ierde’. It roaien fan dy oerbosken sil fan dy gefolgen wêze dat it dêr minder reint. Bosken feroarsaakje nammentlik ek rein. Omkapjen betsjut minder rein en dus drûchte. Mear drûchte betsjut ekstra ôfsterte. De noed is dat sa’n effekt grutter wêze sil as wy no tinke en dat de Amazône dus dan gjin CO2 opnimt, mar krekt útstjit. Wittenskippers komme op tsien fan sokke tipping points.

Oant safier it minne nijs!
It goede nijs is dat itselde ferskynsel ek by it minsklik hanneljen bestiet. We sjogge it om ús hinne. Fiif jier lyn wie minder as ien persint fan de ferkochte auto’s in elektryske ferzje. No is dat al trettjin persint. De foarsizzing is dat al yn 2028 alle nije auto’s elektrysk binne. Wy sitte midden yn it tipping point dus: ûnomkearber feroare.

Fegetaryske iters
Yn de supermerk lizze de triemmen fol mei fegetaryske fleisferfangers. Fiif jier lyn like dat ûnmooglik. Wa ken net op syn minst tsien fegetariërs? Tink der mar om: oer fiif jier in grutte ferdûbeling. It tipping point is yn sicht!

Mar hoe sit it dan mei fleanen?
Fleanskamte is sûnt koart in nij wurd. It liedt in perioade yn fan hieltyd mear minsken dy’t pas wer fleane as der gjin CO2 útstjitten wurdt. En dat ferhastiget yn in ûnfoarstelber tempo it fleanen op elektrysk of op wetterstof. Dat tipping point is ek yn sicht! Der is dus hoop dat it tal minsklike tipping points rapper oprint as dy fan de natuer. Wa meitsje dy tipping points? Jo en ik!

Dit is nûmer 59 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân – Skjinnerlân.
desimber 18, 2021 07:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.