Binne Mosk: Gjin tútsje fan Doutzen

desimber 2, 2021 12:00

Ofbylding mei ynstimming fan de Afûk

Wy hawwe moarns betiid om kertier oer seizen de Volkskrant op ’e matte. Ik behein my op dat iere tiidstip ta kollums, opiny en cartoons. Tongersdeitemoarn 2 desimber in print fan Collignon oer Doutzen Kroes. No bin ik gjin folger fan har. Soks skynt tsjintwurdich te kinnen, datst de ien of oare folgest yn de digitale wrâld om nei te gean wat dy docht en seit. Ik doch dat net, ik haw der al muoite mei om nei myn eigen frou te harkjen en har advys op te folgen en dy har ornaris ferstannich praat en goede ideeën.

No werom nei ús Doutzen. Se hie yn it ferline in moaie kampanje foar it Frysk. Ik bedoel dat Tútsje fan Doutzen, want wa soe dat net hawwe wolle. No ik net, nei alles wat ik niis krekt oer it topmodel lêzen haw. Sa fûn ik yn De Telegraaf dit berjocht :

Model Doutzen Kroes zorgde het afgelopen jaar meerdere keren voor ophef vanwege haar fanatieke verzet tegen de coronamaatregelen en haar dubieuze posts daarover. Quote ontdekte nu dat Doutzen Kroes met haar bedrijf AHAU Gele Zon B.V. in Huizen en Amsterdam wel vijf keer overheidssteun aanvroeg.
Deze steun is bedoeld voor bedrijven die in coronatijd minder omzet draaien en zo toch hun personeel kunnen blijven betalen. In vijf aanvraagrondes kreeg het bedrijf in totaal bijna 19.000 euro toegekend, zo is in registers van het UWV na te zien. Dat terwijl Doutzen Kroes zelf volgens Quote een vermogen heeft van naar schatting zo’n 29 miljoen euro.

Hawar, as soks fia de regels kin, wa bin ik dan om te sizzen dat se soks net freegje mei, mar ferantwurde like it my net.

Antyfaksers moatte efter oanslúte.

Nijsgjirriger is it begjin fan dat Telegraafberjocht. Sa’t ik al sei, ik folgje net alles fan it nijs en it jeuzelpraat dat oer ús útstruid wurdt, mar ik haw nei oanlieding fan dy cartoon en dat Telegraafberjocht besocht om nei te gean wat Doutzen foar ûnsin de wrâld ynstruit en dat liicht der net om. Sa hat se earne skreaun dat se seis oeren dwaande west hat mei ‘research’ oangeande koroana en se lit oan har seis miljoen folgers witte dat se gjin útsluting fan minsken wol op basis fan harren medyske status. Dus fuort mei dy QR-koade. Se skriuwt mear ûnsin, mar hjir lit ik it by

Ik bin just in grut foarstanner fan útsluting op grûn fan medyske status. Sa kaam ik fan ’e moarn yn it swimbad fan Burgum in frou tsjin dy’t yn it ferline problemen mei it hert hie en no fan alles docht om der boppe-op te kommen. As dy ynkoarten nije problemen kriget en opnommen wurde moat yn Drachten of Ljouwert, soe it wêze kinne dat der gjin plak is omdat de bêden en de IC’s foar it grutste plak ynnommen troch dy antyfaksers.

It liket my dêrom better om dy sike antyfaksers efter yn de rige oanslute te litten. Oaren geane foar. Der binne ek leauwigen dy’t har net ynintsje litte. Sokken moatte ek efter oanslute en ik jou se it advys om harren goaden oan te roppen. Wa wit kinne dy wat betsjutte. En wat Doutzen oangiet. Ik tink dat se net yninte is, dus freegje gjin tútsje.

 

 

desimber 2, 2021 12:00
Skriuw in reaksje

13 opmerkingen

  1. Sybren desimber 2, 12:16

    Hielendal mei iens!

  2. Jetske Boersma desimber 2, 16:18

    Minsken dy’t om prinsipjele redenen gjin koroanaprip hawwe wolle, binne dochs ek wol sa prinsipjeel dat se wegerje om yn it sikehûs opnommen te wurden?

  3. mbc84 desimber 2, 17:09

    Oansteller! Jo moatte jo behannelje litte foar jo yrrasjonele eangststeurnis foar in ferkâldheid, dy’t jo oanpraten wurden is troch megalomane machtsikers.

  4. Martinus desimber 2, 18:03

    Minsken dy’t smoke, minske dy’t eltse dei nei Macdonalds gean, en wa wit ik folle mear, moatte útsletten wurde foar medyske soarch.

  5. Klaas Aaldert van der Veen desimber 2, 18:31

    Hear of mefrou mbc84, jo rinne it firus fast in kear op. Miskien binne jo dan altijd ferkalden,of jo bedarje op de ic,at jo dan 84 of sa binne dan oelibje jo it net. At jo d’r sa seker fan binne dat korona slechts in ferkaldheid is ,gean dan ris op besite by koronapasjinten. Dat sil miskien net makelik foarelkoar te krijen weze. Mar at jo sjen litte wat jo hjir beweart ha,dan kinne jo it foarelkoar krije.At jo de NOS gjin betrouwbere nijsbron fine, dan wit ik in oare nijsbron foar jo: de Ingelske krante The
    Guardian dy is unofhinkelik, bestiet allinich fan abonnemintsjild. Se ha fast wol in webside.

  6. Klaas Aaldert van der Veen desimber 2, 18:33

    Hear of mefrou mbc84, jo rinne it firus fast in kear op. Miskien binne jo dan altijd ferkalden,of jo bedarje op de ic,at jo dan 84 of sa binne dan oelibje jo it net. At jo d’r sa seker fan binne dat korona slechts in ferkaldheid is ,gean dan ris op besite by koronapasjinten. Dat sil miskien net makelik foarelkoar te krijen weze. Mar at jo sjen litte wat jo hjir beweart ha,dan kinne jo it foarelkoar krije.At jo in betrouwbere nijsbron sykje:

    de Ingelske krante The
    Guardian dy is unofhinkelik, bestiet allinich fan abonnemintsjild. Se ha fast wol in webside.

  7. Klaas Aaldert van der Veen desimber 2, 18:42

    Ekskuus foar de dubbele reaksje, ik hie net troch dat ik dat knopke al yndrukt hie. Ik meitsje gelyk fan de gelegen hiid gebruk om kenber te meitsjen dat ik fien dat elkenien fan my libje mei sa at dy wol. Ek al betsjut dat dat it wat koarter is.

  8. Gauke desimber 2, 18:52

    Der binne in soad minsken dy’t yn it sikenhûs lizze omdat se in libbenlang smoke, sûpe, fet/sûker frette, net bewege ensfh. Wêrom soe in sûne antyfakser minder wêze as dy groep? En wat as it faksin letter in soad problemen op smyt, moatte sy dan ek achteroan slúte? Elk moat syn eigen kar mar meitsje.

  9. mbc84 desimber 2, 20:09

    Sykje it mar ris op, Genosse Van der Veen, yrrasjonele eangststeurnis. Mar dêr lêze jo grif graach oerhinne. Ik soe mar coronapasjinten opsykje moatte? Hea, moat ik dat foar alle sykten dwaan? Ken guoddens dy’t corona hân hawwe, neat gjin bysûnders. Dat is 99%. Proporsjonaliteit hyt soks. En jo leauwen yn it killerfirus in yrrasjonele eangststeurnis. Sterkte by psychiater!

  10. Cor Jousma desimber 3, 10:36

    Bêste redaksje,

    In gynekologe út Weert hat in iepenbrief oan Doutzen skreaun. Miskien kinne jimme dy hjir ek ynlade?

  11. Nanne Hoekstra desimber 5, 13:43

    Lit ús efkes op kleare wize diskussearje, mbc84. It is wat te maklik om minsken as bangerskiter of linkse rakker (net elkenien sil dat witte mar ‘genosse’ of ‘kammeraad’ waard as oantsjutting brûkt ûnder leden fan linkse partijen ûnder elkoar) ôf te servearjen, sadat harren miening der net mear ta docht. Yn de lêste kollum fan Simone Djurrema stiet in ferwizing nei de feiten: foar 98 % binne minsken heechstens slim siik fan de koroana, sûnder ôfgryslike swierrichheden. Alteast op de koarte termyn, mar lit ús ús dêr no mar efkes ta beheine. Dat komt ticht yn de buert fan jo sifer, dat wy kinne it mei elkoar lykfine oer dat feit. Der bliuwt dus 2 % oer dy’t yn it sikehûs bedarret en/of der oan deagiet. Mar om’t it in firus is dat elkenien treft, binne dat allinnich yn in lân as Nederlân al hûnderttûzenen minsken. Wat jo dus winliken fine, sûnder it plan-út te sizzen, is dat jo jo om dy minsken net bekroadzje. Dy miening meie jo hawwe; wy libje yn in frij lân. Mar uterje dy dan ek gewoan. Dan kinne we dêr teminsten oer redendiele, yn plak fan dat we ferslaan yn dizenich praat.

  12. mbc84 desimber 5, 18:26

    Lyksa dat earder mei de gryp wie. Oantallen en sifers wurde manipulearre. Minsken wurde as corona-slachtoffer melden wylst dy der net slim siik fan waarden en net dêroan stoaren. Dy 2% stjert net op ien en itselde stuit, en steane al op ‘e list op te gean. Sa’t gryp se earder in lêste setsje joech, docht corona dat ek.
    Sa’t wy ús ek net sa hysterysk gedroegen mei gryp, sa hoecht dat no ek net. Troch harsenspieling en emoporno wurdt der ôfgryslik beheind fokust op minsken dy’t der al min oan ta binne. It is dwylsinnich dêr miljoenen oaren foar ferantwurdlik te meitsjen.

  13. Nanne Hoekstra desimber 22, 10:13

    Graach bewiismateriaal leverje foar jo beskuldigingen oer manipulaasje fan sifers en harsenspieling, mbc84. It is maklik om sa mar wat te roppen, as ekskús om minsken stikke te litten.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.