Beweech- en moetingsplakken Het Oosten wint LF2028-priis

desimber 17, 2021 08:35 Fernijd

Buertferiening Het Oosten yn Frentsjer is de winner fan de LF2028-priis yn de regio Noardwest-Fryslân. Woansdei krige kommisjelid Debbie Bakker de byhearrende sjek fan 2028 euro oerlange. It bedrach is in oanmoedigingspriis dy’t troch it Iepen Mienskipsfûns (IMF) yn oparbeidzjen mei LF2028 opset is. Nei alle iepenstellingsperioaden fan dit subsydzje kiest de sjuery in winner út trije nominearre IMF-projekten de regio. De ferieniging krige earder fan ’t jier IMF-subsydzje foar it projekt ‘Beweech- en moetingsplakken Het Oosten’.

Foto: Provinsje Fryslân

Beweech- en moetingsplakken Het Oosten
BV Het Oosten yn Frjentsjer is in buertferiening dy’t de ûnderlinge sosjale kontakten yn de buert befoarderet. Mei dit projekt wol de feriening twa âlde boarterstunen omsette nei beweech- en moetingsplakken foar jong en âld. Njonken in fuotbalfjildsje en in kabelbaan foar de jongerein, wurdt mei de jeu-de-boulesbaan de âlderein ferlaat om mei-inoar te bewegen. It hiele ûntwerp is ta stân kaam fia in brainstoarmproses dêr’t safolle mooglik buertbewenners by belutsen binne. Yn gearspraak mei de gemeente Waadhoeke binne der dêrnei ferskate ûntwerpen útwurke. Dêrby is ek romte meinaam foar foldwaande grien en in pluktún. Neist in bydrage fan de gemeente kin mei de IMF-subsydzje de needsaaklike ynvestearring fan de moetingsplakken finansiere wurde. In plak dêr’t elkenien wolkom is.

Sjueryrapport
De sjuery jout yn syn rapport de neikommende taljochting: De sjuery wurdearret it dat de buertferiening wurket oan sûnens yn brede sin. Yn it ûntwerp is ek romte opnaam foar in buertpluktún. Neist sûn iten foar minske en ynsekt, biedt it mienskiplike ûnderhâld de buertbewenners de mooglikheid om inoar te moetsjen en aktiviteiten te ûntwikkeljen. De sjuery priizget dat de beweechtunen ek tagonklik binne foar besikers dy’t ôfhinklik binne fan in rolstoel of rollator. Dat is yntegraal meinaam yn it ûntwerp. Ut de selektearre projekten fan de oare fjouwer regio’s hat de sjuery ek in priiswinner keazen. Ek sy krije in bedrach fan 2028 euro. De sjueryleden binne Immie Jonkman, direkteur fan Arcadia (LF 2028) en Judith Baarsma fan Keunstwurk.

De IMF-projekten binne troch advyskommisjeleden beoardiele oan ’e hân fan ferskate kritearia. De fertsjintwurdigers út de regio drage ek de trije nominearren foar de LF2028-priis foar.

desimber 17, 2021 08:35 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.