Better byld fan ûndergrûn
Resint ferskynd
Troch klimaatferoaring en it omheech gean fan ’e seespegel wurdt swiet (grûn)wetter stadichoan hieltyd sâlter. Dat hat effekt op de natuer, lânbou yn kustgebieten en op de drinkwetterfoarsjenning. Om dêr de risiko’s op lange termyn better fan ynskatte te kinnen, is kennis fan grut belang. Dêrom sille sân provinsjes, dêr’t Fryslân ien fan is, de ûndergrûn better yn kaart bringe.
Freshem-NL
It hjoeddeistige byld fan sâlt wetter yn de Fryske ûndergrûn is relatyf globaal, want it is foar in part basearre op datearre mjittingen, dy’t ferspraat oer de provinsje útfierd binne. Om de risiko’s fan it fersâltsjen better ynskatte te kinnen, moat der krekter metten wurde. It projekt Freshem-NL biedt dy mooglikheid.
By it útfieren fan it projekt wurde der út in helikopter wei mjittingen dien. Dy kinne it sâltgehalte yn de ûndergrûn sekuer en 3-diminsjonaal yn kaart bringe. Ofhinklik fan de opbou fan de ûndergrûn kin der ynformaasje oant maksimaal 200 meter djip fêstlein wurde. By hege sâltgehalten en/of tsjokke klaailagen sil it djipteberik wat leger wêze. De sammele data soargje foar in folle heger kennisnivo fan de ûndergrûn.

Boarne: Provinsje Fryslân
It Regionaal Wetterprogramma
Opdiene kennis wurdt ûnder oare brûkt foar de útfiering fan it Regionaal Wetterprogramma. Op basis fan de resultaten sille de ekonomyske gefolgen fan it fersâltsjen ûndersocht wurde. Dat ûndersyk helpt by it kiezen en ynsetten fan maatregels om negative effekten fan it fersâltsjen op lange termyn tsjin te gean.
Yn dit projekt wurkje sân provinsjes, sân wetterskippen, fiif wetterliedingmaatskippijen en twa kennisynstituten mei-inoar gear. Provinsje Fryslân is dêrby pinfierder. De kosten foar it hiele projekt berinne likernôch 6 miljoen euro. Dêr finansieret it Deltaprogramma Zoetwater de helte fan. De bydrage fan Provinsje Fryslân foar dit projekt is 600.000 euro. Foar it yn kaart bringen fan de Fryske ûndergrûn wurket de provinsje gear mei Wetterskip Fryslân en wetterliedingbedriuw Vitens, dy’t ek in part fan de finansiering foar harren rekken nimme.
Yn Seelân binne al ferlykbere mjittingen útfierd en it resultaat jout in goed byld fan de ynformaasje dy’t ek foar Fryslân beskikber komt. Nei’t ferwachte wurdt, wurdt der yn 2022 yn Fryslân úteinset mei it yn kaart bringen fan de ûndergrûn. De earste resultaten sille om 2024 hinne dield wurde kinne. Mear ynformaasje oer wetter yn Fryslân is te finen op: Grûnwetter yn Fryslân.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje