BB
Resint ferskynd

Brigitte Bardot
boarne: Wikimedia commons. Publyk domein
By it hearren fan de ôfkoarting BB tinke minsken fan de âldere generaasje mooglik oan Brigitte Bardot of de Big Ben, mar tsjintwurdich mear oan bêd en brochje.
Yn Grou stiet yn de lijte fan de autobaan in nijsgjirrich gebou fan tsjok beton, dat eartiids in kommandopost wie fan de B.B. of wol de Beskerming Befolking. Yn 1952, de tiid nei de Twadde Wrâldoarloch, waard dy lanlike organisaasje oprjochte om minsken te beskermen tsjin de gefolgen fan oarloch en rampen.
Yn Fryslân wiene ferspraat ferskate flechtplakken lykas bunkers, mar ek de romte by it Zaailand yn Ljouwert, dy’t nedich wiene yn gefal fan bygelyks in oanfal mei in atoombom en de byhearrende strieling.
Lanlik wiene der op it hichtepunt fan it bestean sa’n 24 kommandoposten mei 165.000 frijwilligers oant de tiid dat de kâlde oarloch foarby like en Hans Wiegel as minister fan ynlânske saken mei yngong fan 1 jannewaris 1987 de organisaasje ophefte.
Yn 2014 is it gebou troch Rafeal Smid as museum ynrjochte. Yn ’e rin fan de jierren is it oantreklik makke troch oanklaaiïng, mar alles wol yn de geast fan doedestiids.

Foto MV
As men troch it museum rint, bygelyks mei Roelof van Gelderen, ien fan de 34 frijwilligers, sjocht men net alllinnich de ûnderskate fertrekken, gearkomsteromten, sliep-, sanitêr- en itensromten, mar ek de plakken ornearre foar de kommissaris fan Fryslân, de boargemaster fan Ljouwert en oare wichtige amtners. Fan dêrút koe der wurke wurde oan stjoering en koördinaasje fan help troch kontakt mei de ûnderskate skûlplakken, sikehûzen, gemeenten en oare helporganisaasjes yn ús provinsje.
Fierder is it in feest fan it weromkennen fan atrributen, dy’t foarhinne brûkt waarden, lykas kommunikaasjemiddels, reau foar persoanlike hygiëne, mar ek technyske saken as de needsaaklike tafier fan wetter, lucht en elektrisiteit. It wie fansels wol de opset dat sa’n 150 man yn it grutte gebou fan 1100 m2 feilich en sûnder swierricheden grif 14 dagen tahâlden koene.

Foto MV
Bysûnder is dat it gebou ek brûkt is yn de winterperioade fan 1979 en by de twa Alvestêdetochten yn 1985 en 1986.
Koartsein, in tige nijsgjirrich museum, dêr’t mooglikheid bestiet, op ôfspraak, foar in rûnlieding en wol yn oerlis mei lokaasjemanager Roelof van Gelderen.
Fanwege de mooglikheid fan in stjoermêst op it tek is it gebou al in skoft eigendom fan de KPN.
Adres: Burstumerdyk 1,Grou
www.museumbeschermingbevolking.nl
Telefoan 06 3075 3801
Matthijs Verkuijl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje