Bart Hoolwerf en Maaike Verweij winne earste maraton op natueriis
Resint ferskynd
- ‘Oogst’ – gelegenheidsprojekt fan Merijn Vrij by Museum Belvédère 0
- Bylden fan Barbara Hepworth yn tunen Ryksmuseum 0
- Ofwiisde East-Fryske flagge wapperet foar gemeentehûs Moarmerlân 0
- Frysk Museum en de Onkruidenier organisearje aktiviteiten oangeande klimaatferoaring 0
- Bouwe de Boer: Sinnekrêft by de alve stêden lâns 0
Bart Hoolwerf hat sneintejûn de earste maraton op natueriis yn it Drintske Noardlaren wûn. Nei 99 omgonen sette Hoolwerf de sprint yn en ried mei oermacht nei de einstreek. Ynstee fan de wenstige 125 omgongen, rieden de manlju op de natuerbaan yn Noardlaren fanwege de kwaliteit fan it iis hûndert rûntsjes.
Hoolwerf en Mats Stoltenberg rieden sneintemiddei yn Thialf noch de fiiftûzen meter op it olympysk kwalifikaasjetoernoai.
Maaike Verweij wie oer sechtich omgongen de bêste yn ’e einsprint by de froulju. Ineke Dedden waard twad, Dieuwertje van Kalken tred.
Mei in temperatuer fan fjouwer graden ûnder nul waard om 19.00 oere it startsein jûn foar de earste maraton op natueriis fan it seizoen. IIsferiening De Hondsrug yn Noardlaren wûn de jierlikse striid ûnder de iisferieningen. Yn 2019 waard foar it lêst in wedstriid op natueriis ferriden yn Noardlaren.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje