As in mem by de widze

desimber 26, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

It krystfeest jout my it besef dat Immen him oer de ierde bûcht lykas in mem oer de widze. Jesaja beskriuwt God tige gefoelich as mem:

“Lykas in bern treast fynt by de mem,
sa krije jimme treast by My” (Jesaja 66:13).

Wat docht in mem as se heart dat de lytse poppe gûlt? Se rint der al pratende hinne: “Ei no myn berntsje, wat is der dochs?” Se bûcht har oer de widze, aait, kitelet, pakt it bern op, jout it tútsjes. Se docht it in skjin ruft ûnder en ûnderwilens jeuzelet se mar troch mei leave wurdsjes en docht de dingen tear en fol leafde.
Al hiel gau leart it bern dat mem en heit de pine (bygelyks om ’e toskjes dy’t komme) net weinimme kin. Mar it leart foaral dat it by negative gefoelens, pine, lulkens, iensumens, op heit en mem rekkenje kin.
It bern kriget iten as it honger hat, wurdt treaste as it gûlt. Heit en mem binne der as it him ferlitten fielt.
Pedagogen leare ús: Wat sterker it oantinken oan sokke hannelingen, wat grutter de ferwachting en it fermogen om te hoopjen.

As wy it krystfeest fiere, dan fersterkje wy yn ús dy oantinkens oan it burgen-wêzen, oan takomst-perspektiven.
Dat besef hie Anne Frank: “God hat my net allinne litten en sil my net allinne litte!”
Hy, om wa’t wy it krystfeest fiere, kleure it libben mei teare hannelingen. Hy segene bern, aaide blinen oer de eagen, iet mei it útskot, sloech de earms om siken hinne, ensafuorthinne.
Sokke dieden nûgje út om nei te folgjen. En dat is no krekt de bedoeling fan it krystfeest.

Lêze: Jesaja 66:10-14

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan
€ 19,50. (
boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
desimber 26, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.