Anne-Goaitske Breteler: in sêftere sneon

desimber 1, 2021 13:41

Anne-Goaitske Breteler draacht har kollum foar by de Fedde Schurerlêzing. Foto: It Nijs

Ofrûne sneon spruts skriuwster en antropolooch Anne-Goatske Breteler op de Fedde Schurerlêzing de neifolgjende kollum út oer analfabetisme ûnder Frysktalige jongerein en wat dêr neffens har oan te dwaan is. “Foar in sûner Frysk.”

Op ‘e foto dy’t by myn âlders op ‘e skoarstienmantel stiet, sjoch ik de âlde folkband ‘Kneppelfreed’, dêr’t ús heit diel fan útmakke. De swart-wytprinte komt út de jierren santich, de perioade dat se mei de band Fryske lieten yn binnen- en bûtenlân ta gehoar brochten. As wy it thús oer Kneppelfreed hawwe, dan giet it oer de muzyk, net oer de molkboer as fee-arts, net oer Tjebbe de Jong as Fedde Schurer.

Doe’t de echte Kneppelfreed barde yn 1951, soe ik foar de kommende fiifenfjirtich jier noch net berne wurde. En mei my in hiele nije generaasje Friezen fan no. Om in byld te krijen fan hoe ’t in diel fan dy jongerein nei it Frysk fan no sjocht, ha ik in lyts sosjalemediaûndersyk útset. Fan de santich dielnimmers, wit mar leafst 63% net wat Kneppelfreed is. Oan de Frysktalichheid fan harren kin it net lizze, want it binne allegearre Fryskpraters.

Is it slim dat wy net mear witte fan de taalstriid dy’t sa’n spoaren neilitten hat yn it hjoeddeistich taallânskip? En wat seit dat oer de kwaliteit fan it Frysk? It liket net in soad út te meitsjen foar it tefredenheidsgefoel fan de dielnimmers oan myn ûndersyk. Sa’n 74% seit dat se fine dat it best goed giet mei it Frysk. Mar opfallend is wol dat sy it hawwe oer it sprekken as oer it appen. Want hoewol’t der in soad gebrûk makke wurdt fan Frysk yn sosjale media, bliuwt de korrekte stavering fier yn it efter. In jonge flaterleaze Fryskskriuwer is útsûndering wurden.

Dat is nuver, want it makket in soad Friezen foar in part analfabeet yn harren memmetaal. Yn myn ûndersykje wurdt wezen nei it ûnderwiis. En lit dat no krekt wêze wat Kneppelfreed ûnder oaren yn 1955 klear krigen hat; de Wet-Cals. Wêrby as it tastean waard om yn it leger ûnderwiis Frysk as fiertaal te brûken. Mar it wie blykber net genôch. De whatsappgroepen steane fol mei foarbylden as ‘ik sol gean’, ‘ik bin ol thûs’, as ‘hy sa moal net hoet’.

Op de fraach wat der nedich is foar in sûner Frysk, antwurdzje de dielnimmers fan myn ûndersyk unanym mei: ‘better ûnderwiis’, mar ek mei mear mooglikheden ta Fryske uteringsfoarmen dy’t jongfolwoeksenen oansprekke. Dan giet it mei nammen om podcasts, boeken en muzyk. Foaral net út in offisjeel Frysk promoasjeplan wei, mar gewoan sa as elts it libben ûnder wurden bringe kin yn dizze memmetaal.

Sûnt koart is der de webside www.frysker.nl, dy ’t kontrolearret op stavering. Miskien dat wy – de net perfekte Frysk skriuwers – dy webside as favoryt markearje kin, sadat we hieltyd sjogge wat der ferkeard giet en úteinliks leare hoe’t we goed skriuwe moatte. Dan kinne we de kneppels lizze litte, want dat is nea in goeie taal. Mar jou ynfolling oan it begryp Kneppelfreed, sa as ús heit en syn bandleden dat eartiids diene. Mei muzyk, mei wille en foaral mei eigen ynbring. Sadat der foar eltse dei fan ‘e wike in folsleine Fryske wrâld bestiet – yn wurd, yn lied en ek online.

Eardere publikaasjes oer bydragen oan de Fedde Schurerlêzing 2021 op It Nijs:

Kneppelfreed: aktualiteit of Fryske folkloare?

Rotterdamske heechlearaar komt op foar taalrjochten Friezen

Fryske tolk krige ‘Fear yn ’e Broek’

desimber 1, 2021 13:41
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Nanne Hoekstra desimber 1, 21:19
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.