André van Duin en Janny van der Heijden bringe oade oan Alvestêdetocht

desimber 24, 2021 08:41

Yn jannewaris 2022 is it 25 jier lyn dat de Alvestêdetocht op redens foar it lêst holden waard. Om in oade te bringen oan de legindaryske tocht leine André van Duin en Janny van der Heijden de rûte sels ôf. Yn it telefyzjeprogramma Denkend aan Holland wurde fan snein 2 jannewaris 2022 ôf fjouwer ôfleveringen útstjoerd dêr’t yn te sjen is hoe’t it it duo fergie. De minsken fan Merk Fryslân, VVV Wetterlân fan Fryslân en Provinsje Fryslân wurken efter de skermen hurd mei om in moaie reis en in nijsgjirrich programma gear te stallen.

Foto: ThomasVaer Fotografie

In heldetocht
Fan 12 novimber o/m 26 novimber 2021 leine André en Janny de offisjele Alvestêderûte mei de boat ôf. By de start yn Ljouwert waarden se ûntfongen troch kommissaris fan de Kening Arno Brok, boargemaster fan Ljouwert Sybrand Buma en Wiebe Wieling, foarsitter fan Feriening De Fryske Alvestêden.

Foto: ThomasVaer Fotografie

Dêrnei begûn de fartocht by de oare Fryske stêden del. Underweis stimpele it twatal by de orizjinele stimpelposten en giene yn petear mei ferskate helden fan de sensasjonele tocht. By de rûte lâns soargen Fryske orkesten en koaren foar in feestlike alvestêdesfear. “Net te leauwen hoe gastfrij en fleurich André, Janny en de hiele ploech oeral ûntfongen waarden. Om André’s wurden te brûken: wat binne de Friezen dochs aardich!”, sei Marieke Los, einredakteur fan Denkend aan Holland.

Denkend aan Holland is op de sneinen 2, 9, 16 en 23 jannewaris om 21.30 oere op NPO 1 te sjen.

Foto: ThomasVaer Fotografie

desimber 24, 2021 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.