Amerikaanske miljardêr jout stellen keunstskatten út âldheid werom
Resint ferskynd
De Amerikaanske miljardêr Michael Steinhardt is akkoart gien mei in libbenslang ferbod op it keapjen fan keunstskatten út de âldheid. Dat nei’t bliken dien hie dat tal fan objekten dy’t er yn de ôfrûne desennia oankocht hie, in dubieus komôf hiene.

Foto: pixabay.com
Hy hat ek tasein om keunstskatten mei in totale wearde fan sa’n santich miljoen dollar (62 miljoen euro) yn te leverjen. De 81-jierrige Steinhart ûntrint sa ferfolging, meldt de iepenbiere oanklager fan Manhattan.
“Rôfsuchtige honger nei artefakten”
Steinhardt, ryk wurden op ’e beurs, hie neffens de oanklager in “rôfsuchtige honger” nei unike objekten, dy’t net selden plondere of út musea stellen wiene. Steinhardt liet dêrby sjen gjin “morele” grinzen te hawwen by it oankeapjen fan it guod, mei’t er geregeld akkoart gie as de ferkeaper net sei wêr’t dy eat wei hie.
Steinhardt seit yn in ferklearring bliid te wêzen dat er net ferfolge wurdt en ûnthjit dat it yllegaal ferkrigen guod nei de lannen fan komôf weromgiet. De iepenbier oanklager begûn yn 2017 mei syn ûndersyk nei de miljardêr. Dat late ta in ynfal yn syn kantoar en hûs. De yn elts gefal 180 stellen histoaryske artefakten komme út Grikelân, Egypte, Mesopotamië (Irak en Syrië) en Turkije.
Steinhard draacht ûnder mear in seremoniële beker yn ’e foarm fan in hartekop út 400 foar Kristus oan de autoriteiten oer. Dy soe yn it hjoeddeiske Turkije fûn wêze. De kop is sa’n 3,5 miljoen dollar (goed trije miljoen euro) wurdich. Hy jout ek in kiste út 1300 foar Kristus mei dêryn minsklike rêsten werom, ôfkomstich fan it Grykske eilân Kreta. De kiste hat in wearde fan ien miljoen dollar.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje