Alde muzykskoalle yn Boalsert kriget wenbestimming
Resint ferskynd
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat in omjouwingsfergunning ôfjûn foar de âlde muzykskoalle oan de Tsjerkestrjitte 30 yn Boalsert. It gebou wurdt fan binnen ferboud. Der komme fiif apparteminten yn.

Foto: Wikipedia/txllxt@Mapillary.com – CC BY-SA 4.0
Gemeente Súdwest-Fryslân bout folop, neffens wethâlder Mark de Man. “Súdwest-Fryslân makket serieus wurk fan wentebou. Troch it ferlienen fan de fergunning kinne we wer fiif wenienheden taheakje oan de groeiende list fan takomstbestindige wenplannen. Dêrneist is it opnij bestimmen fan de eardere muzykskoalle in moaie manier om de leefberens te ferbetterjen”, seit De Man.
Wannear’t de fiif apparteminten klear binne, is net bekend by de gemeente.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje