2,6 miljoen subsydzje foar natuer- en wetterdoelen

desimber 6, 2021 08:30

In subsydzjeregeling foar it fierder ûntwikkeljen fan doelen yn it ramt fan it Natuernetwurk Nederlân (NNN) en de Kaderrjochtline Wetter (KRW) moat bydrage oan in robúst natuer- en wettersysteem. Deputearre Steaten stelt de regeling iepen fan 3 jannewaris oant en mei 3 febrewaris 2022. Der is mei-inoar 2,6 miljoen euro beskikber.

Boarne foto Prov. Fryslân

De natuer- en wetterkwaliteit yn Fryslân stiet ûnder druk. Dat komt mei troch de stikstofútstjit en it útspielen fan dongstoffen troch de boaiem nei it oerflaktewetter. Troch yn te setten op in fersterking fan it wettersysteem en de natuer kin de kwaliteit fan wetter, natuer en bioferskaat ferbetterje. As dêr bygelyks mear ynsekten troch weromkomme is dat goed foar it bestowen fan gewaaksen en dus foar de lânbou.

Dizze POP3-subsydzjeregeling foar ‘net-produktive’ ynvestearringen wetter en natuer rjochtet him op maatregels dy’t boaiemútspieling en útstjit ferminderje of de effekten dêrfan op wetter en natuer ferlytsje. ‘Net-produktyf’ hâldt yn dat de ynvestearringen net liede meie ta grutte weardestiging fan it bedriuw of it opsmiten fan grutte winst. De maatregels moatte rjochte wêze op it ferbetterjen fan it brede ekosysteem, de biodiversiteit, it lânskip en moatte de lânbou stypje. Troch bygelyks natuer oan te lizzen op de beekskanten en âlde meänders op te helpen wurde robúste beeksystemen kreëarre dy ‘t minder kwetsber binne foar it útspielen fan dongstoffen.

Natuernetwurk
De subsydzje is oan te freegjen troch grûneigeners, grûnbrûkers, boeren, boere-organisaasjes, natuer- en lânskipsorganisaasjes, oerheid en gearwurkingsferbannen fan sokke partijen. Hy is bedoeld foar – leafst grutte – inisjativen en maatregels dy’t yn it ramt fan it NNN nommen wurde. Subsydzje-oanfragen foar maatregels yn gebietsûntwikkelingsprojekten Alddjip, Beekdelling Lende, Alde Feanen of Achtkarspelen krije de prioriteit en meitsje dêrom mear kâns op subsydzje as oanfragen foar oare NNN-gebieten.

Subsydzje-oanfragen kinne fan 3 jannewaris oant en mei 3 febrewaris 2022 fia www.snn.nl/pop3 yntsjinne wurde by it Samenwerkingsverband Noord Nederland.

desimber 6, 2021 08:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.