Yn ferhâlding protte miljonêrs op Waadeilannen

novimber 24, 2021 08:43

It tal miljonêrs yn Nederlân is foar it sechde jier efterinoar tanommen. Op 1 jannewaris 2020 telde it Sintraal Buro foar de Statistyk 24.000 miljonêrs mear as it jier derfoar. Yn totaal telt Nederlân 278.000 húshâldens mei in fermogen fan ien miljoen euro of mear.

Foto: morguefile.com

By fermogen giet it foar it grutste part om it fermogen op papier. Dus net inkeld it sparjild, mar foaral de wearde fan de eigen wenning (min de hypoteekskuld) en oare besittingen, lykas in belang yn in bedriuw.

De measte miljonêrs wenje yn Noard-Hollân, en dan foaral yn Bloemendaal en Laren, dêr’t ien op de fjouwer húshâldens miljonêr is. De provinsjes Grinslân, Flevolân en Limburch telle it minste tal miljonêrs. It tanimmende tal miljonêrs is it gefolch fan de ekonomyske groei, it florearjende bedriuwslibben, beurskoerzen en huzeprizen dy’t omheech gien binne.

It fermogen fan de measte miljonêrs bestiet foar hast de helte út eigendom of oandielen yn in bedriuw en foar in fyfde út de wearde fan de eigen wenning. By net-miljonêrs is it eigen hûs goed foar trijefearn fan it fermogen. Yn trochsneed besit in miljonêrshúshâlden in fermogen fan 1,6 miljoen euro. Dat is 28 kear safolle as it trochsneed fermogen fan 56.000 fan de oare, net-miljonêrshúshâldens. Hast twatredde fan de miljonêrs beskikt oer in fermogen tusken de ien en twa miljoen euro.

Waadeilannen
Yn de eilângemeenten wenje yn ferhâlding de measte miljonêrshúshâldens fan Fryslân. Skylge stekt der mei seis persint boppeút. It Amelân (5,4%), Skiermûntseach (5,1%) en Flylân (5%) dogge it ek goed. Ljouwert docht it yn ús provinsje it minste, mei 1,6 persint.

novimber 24, 2021 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.