Yn ferhâlding net folle toskedokterpraktiken yn Fryslân

novimber 20, 2021 09:12

Fryslân hat yn ferhâlding ta oare provinsjes net folle toskedokterpraktiken. Op 10.000 ynwenners binne yn Fryslân 2,3 praktiken. Dêrmei leit de provinsje ûnder de lanlike trochsneed fan 2,7 praktiken op 10.000 ynwenners. Yn Fryslân binne der grutte ferskillen tusken gemeenten. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan Independer dat eigen gegevens yn kombinaasje mei data fan Vektis analysearre.

Foto: Wikimedia Commons/Privat © CC BY-SA 3.0)

Grutte gemeentlike ferskillen yn Fryslân
Op de Fryske Waadeilannen falt it relative tal toskedokterpraktiken it heechst út, mei troch it lege tal ynwenners. Dêrneist skoart Harns ek goed mei it tal oanbieders fan toskedoktersoarch. Yn dy gemeente binne op 10.000 ynwenners nammentlik 3,8 toskedokterpraktiken te finen. De gemeente Dantumadiel hat relatyf de minste toskedokterpraktiken, mei mar 1,1 praktyk op 10.000 ynwenners.

Op It Amelân jonge bern minst faak nei toskedokter
Alden nimme harren jonge bern net altyd mei nei de toskedokter. De grutste ynhelslach is te meitsjen yn de gemeente It Amelân. Mar 40% fan de pjutten fan twa en trije jier âld hat dêr wolris op kontrôle west. Op Skylge binne just de measte jonge bern dy’t (geregeld) nei de toskedokter gean (65,5%), folge troch Achtkarspelen (52,1%) en Harns (50,8%).

Dochs is it skande dat der net mear bern nei de toskedokter gean, fynt Mirjam Prins, ekspert soarchfersekeringen by Independer. “Spitigernôch libbet ûnder in protte âlden noch it misferstân dat bern net automatysk foar de toskedokter fersekere binne. Hja witte net dat kontrôle foar alle bern oant achttjin jier fergoede wurdt”, seit Prins. “Bern op tiid nei de toskedokter gean litte, befoarderet de ûntwikkeling fan it gebit en ferlytset eangst as se âlder wurde. It wurdt dêrom oanret om ek jonge bern op kontrôlemei te nimmen.”

Hieltyd minder wiidweidige toskedokterfersekering
Friezen kieze hieltyd faker foar in minder wiidweidige toskedokterfersekering. Dêr’t yn 2017 noch 2,8% fan de oanfoljend fersekeren keas foar de meast wiidweidige toskdekking (mei 100% fergoeding oant € 750 jiers), is dat op it stuit noch mar 1,1%.

De minst wiidweidige oanfoljende toskedokterfersekering (mei 75% fergoeding oant € 250 jiers) wurdt yn Fryslân just hieltyd faker keazen. Yn 2017 keas 50,8% fan de Friezen mei in toskedokterferskering foar dy dekking en op it stuit is dat 56,6%.

Dy delgeande trend is net sa gek, neffens soarchekspert Mirjam Prins. “Klanten stean hieltyd kritysker foar in toskedokterfersekering oer. It kin in ferstannige ynvestearring wêze, mar lang net foar elkenien.” Hja riedt oan om fan tefoaren de kosten mei-inoar te ferlykjen. “Besykje te rûzen hoefolle toskedokterkosten jo takom jier meitsje sille, en ferlykje dy mei de preemje dy’t jo betelje soene. Jo fernimme dan al gau oft in toskedokterfersekering foar jo relevant is.”

novimber 20, 2021 09:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.