Yn hiemsitting oan tafel foar natuerynklusive melkfeehâlderij

novimber 13, 2021 08:41

Yn Fryslân wurdt troch boeren, bedriuwssektorpartijen en de omjouwing al hurd wurke oan in duorsume en natuerynklusive lânbou: in lânbou dy’t sirkulêr is, bydraacht oan it ophelpen fan bioferskaat, maatskiplik draachflak hat en duorsum ekonomysk rendearjend is. De urginsje is grut; de ambysje en de earste foarbylden binne der. Mar hoe kin dat op folle mear boerehiemen yn Fryslân realisearre wurde, en op sa’n manier dat it ekologysk bydraacht, mar ek ekonomysk te dwaan is? Om dêr fierdere stappen yn te setten, organisearret de FMF (Fryske Miljeu Federaasje) freed 26 novimber in hiemsitting – in dei dêr’t de hiele sektor him ynformearje en ynspirearje lit oer natuerynklusive melkfeehâlderij en ekstra kânsen, mar ek oan ’e slach giet om te besjen hoe’t primêre produksje, maatskiplike en ekosysteemtsjinsten mei-inoar it agrarysk ynkommen foarmje.

Foto: pixabay.com

By de hiemsitting litte de dielnimmers har ynformearje en ynspirearje troch Klaas Fokkinga, deputearre lânbou Provinsje Fryslân, Peter de Ruyter, lânskipsarsjitekt, en Pieter van der Valk, melkfeehâlder en programmamanager Circulariteit Wageningen Livestock Research. Byinoar opteld fertelle hja oer de kânsen dy’t natuerynklusive lânbou biedt. Dêr bliuwt it net by: dielnimmers geane ek mei-inoar om ’e tafel om de kânsen op it gebiet fan natuerynklusive melkfeehâlderij en ekosysteemtsjinsten te ferkennen. Der wurdt bepaald wat nedich is om ferfolchstappen te setten, sadat de melkfeehâlderijen duorsum trochjûn wurde kinne oan folgjende generaasjes. Dat bart letterlik op it hiem, boer Bart Holtrop yn Rotstergaast is nammentlik dy deis gasthear. De wurksitting oan tafel wurdt begelaat troch de FMF yn gearwurking mei Living Lab Fryslân.

De melkfeehâlderij is de wichtichste foarm fan lânbou yn Fryslân en komt yn de hiele provinsje foar. It ekonomysk belang fan de melkfeehâlderij is troch syn omfang grut foar Fryslân. Tagelyk binne der urginte fragen op it gebiet fan romtegebrûk, klimaat, stikstof, bioferskaat en sûnens. It bedriuws- en fertsjinmodel fan de boer is kompleks en nau ferbûn mei dizze grutte fraachstikken. Der is in soad nedich om gong te setten. Mei syn grutte areaal hat de lânbou in unike posysje om dêr hiel posityf oan by te dragen. Dat is in maatskiplike opjefte én dêr is elts ferantwurdlik foar, net allinne de lânbousektor, mar alles en elkenien dy’t dêrmei ferbûn is.

Melkfeehâlders dy’t natuerynklusyf buorkje of deroer tinke om dy stap te setten en minsken dy’t op in oare wize mei it boerebestean te meitsjen hawwe, kinne har foar de hiemsitting fan 26 novimber oanmelde. Dat kin o/m 16 novimber fia www.fmf.frl.

novimber 13, 2021 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.