Winners fotokriich Keunst yn spultsjes
Resint ferskynd
Yn it ramt fan de eksposysje Arranged Realism – Keunst yn games waard in unike fotokriich organisearre: fia Photo Mode koene spilers harren favorite momint yn in kompjûterspultsje fêstlizze. De winners yn de kategoryen lânskip, portret en arsjitektuer binne ôfrûne wike bekend makke. Harren foto’s wurde meikoarten oan de útstalling taheakke.
De ynstjoeringen waarden beoardiele troch in profesjonele sjuery, besteande út fotografen Mariska de Groot, Marcel van Kammen en Stijn Doors. Hja keazen de folgjende trije winners: Cynthia Hellemink (portret), Susanne van Elferen (lânskip) en Jamie Nooten (arsjitektuer). Kwoots fan de sjery:
Mariska de Groot (portret): “Cynthia hat in nijsgjirrige komposysje makke mei foldwaande omjouwing foar kontekst, mar tagelyk it ûnderwerp dúdlik en tichtby yn byld. It ljocht fan it grutte rút falt prachtich op it antlit, en makket dat de trekken yn it antlit én de pylken hiel moai útkomme. Kreas dien!”

Wurk fan Cynthia Hellemink (boarne: Museum Belvédère)
Marcel van Kammen (lânskip): “Der is perfekt gebrûkmakke fan it tsjinljocht, wat yn kombinaasje mei de reinfal/sniefal soarget foar in hearlike sfear. De foarbyfleanende guozzen en it tsjustere silhûet fan de ruter lofts yn byld drage by oan it sfearfolle gehiel én soargje foar dynamyk yn ’e foto.”

Wurk fan Susanne van Elferen (boarne: Museum Belvédère)
Stijn Doors (arsjitekteur): “De kombinaasje fan kleur, sfear, hoeke en linespul docht it hjir foar my. De komposysje is moai yn balâns en helpt him mei it finen fan it fokuspunt, de motor.”

Wurk fan Jamie Nooten (boarne: Museum Belvédère)
Efter de skermen by Arranged Realism
De útstalling is alwer in moanne iepen en wurdt goed besite troch besikers fan jong en âld. Filmmakker Albert Jensma (Omrop Fryslân) hie in fraachpetear mei Merijn de Boer, dy’t de útstalling inisjearre, en Han Steenbruggen oer syn beweechredenen om de eksposysje te programmearjen. De film jout in ynsjoch efter de skermen by de opbou fan de ekspo.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje